dcsimg

Wolf ( Frísio Ocidental )

fornecido por wikipedia emerging languages
 src=
De jeropeeske wolf (Canis lupus)

De wolf is in rôfdier en in sûchdier út de famylje fan de hûnêftigen, Canidae. Syn Latynske namme is Canis Lupus. Se kinne in soad kleuren hawwe, fan hielendal wyt oant readbrún. Der binne ek swarte eksimplaren. In wolf is likernôch fan kop oant sturt 2 meter lang. In wolf yt alles, útsein grienten. Se libje yn ridels, dy't wat grutte oanbelanget ferskille kinne en dêr't de wichtichste wolven út 'e ridel it alfa-mantsje en it alfa-wyfke fan binne. Wannear't der in protte iten is, binne de ridels grutter. Se jeie mei-inoar op wyld.

Wengebiet

Yn de ferskate Europeeske lannen nimt it tal wolven stadichoan wer ta. Dat is it gefal yn Spanje, Tsjechië, Slovenië, Kroäsië en Slowakije. Troch it genetysk ferskaat wurde de wolven yn Skandinavië as bedrige kategorisearre.[1] Neffens it Sweedske Rôfdiersintrum soene der yn 2008 sa'n 180 wolven yn Sweden en Noarwegen west hawwe. Yn lannen as Frankryk en Switserlân is de wolf weromkommen.

Yn Dútslân binne spoaren fan in wolf fûn yn de dielsteat Noardryn-Westfalen. Yn de dielsteat Nedersaksen ferwachtsje saakkundigen foar 2015 de earste ridel wolven. Yn 2011 wiene der yn it easten fan Dútslân alve ridels. De wolven yn de dielsteaten Noardryn-Westfalen binne ienlingen en nei ferwachting sille de earste wolven yn Nedersaksen dat ek wêze.

De wolf yn Fryslân

De lêste wolf yn de provinsje Fryslân waard yn 1712 by Wolvegea deasketten.[2] Yn 1772 waard yn it súdeasten fan de Grinzer Ommelannen de lêste wolvejacht holden. Yn East-Fryslân wurdt yn 1738 yn de omkriten fan Jever in wolf deasketten.[3]

Sûnt 2000 binne der yn Nederlân út en troch, mar hieltyd faker meldingen fan wolven. Yn 2011 waard der mei wissichheid in wolf sjoen yn Gelderlân.[4] Yn july 2013 is der in deade wolf fûn yn it Suderleech, neffens de earste berjochten wie er troch in auto oanriden. Ut ûndersyk die bliken dat de wolf by syn ferstjerren in bever yn 'e mage hie en dat soe betsjutte dat de wolf wierskynlik dêr dellein wie as grap.[5]

Yn 2015 dûkte in jonge wolf yn Drinte op.[6][7] en Grinslân.[8][9][10] Op de A28 tusken Meppel en Hoogeveen waard yn 2017 in wolf deariden.[11]

Op 14 april 2018 waard by Appelskea in bist filme dat op in wolf like. Dy nacht wiene earder by Boyl al trije skiep deabiten.[12] It hat troch DNA-ûndersyk bliken dien dat de wolf yn 2018 yndied werom wie yn Fryslân. Yn it twadde wykein fan maaie waard de wolf mooglik ek by Bontebok sinjalearre. It soe hiel goed kinne dat de deabiten skiep by Langsweagen en De Knipe yn maaie 2018 ek it wurk wie fan de wolf. De wolf dûkte letter yn Flaanderen op en krige fan de Belgen de namme August.[13] De wolven komme út Dútslân en sykje yn it easten fan Nederlân en sûnt 2018 ek Fryslân nei nije wengebieten.[14]

Yn desimber 2019 waard foar it earst in wolf yn Fryslân op bylden fêstlein. Dat barde troch in kamera fan Natueurmonuminten súdlik fan Bakkefean.[15]

Boarnen, noaten en referinsjes

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Wikipedia auteurs en redakteuren
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Wolf: Brief Summary ( Frísio Ocidental )

fornecido por wikipedia emerging languages
 src= De jeropeeske wolf (Canis lupus)

De wolf is in rôfdier en in sûchdier út de famylje fan de hûnêftigen, Canidae. Syn Latynske namme is Canis Lupus. Se kinne in soad kleuren hawwe, fan hielendal wyt oant readbrún. Der binne ek swarte eksimplaren. In wolf is likernôch fan kop oant sturt 2 meter lang. In wolf yt alles, útsein grienten. Se libje yn ridels, dy't wat grutte oanbelanget ferskille kinne en dêr't de wichtichste wolven út 'e ridel it alfa-mantsje en it alfa-wyfke fan binne. Wannear't der in protte iten is, binne de ridels grutter. Se jeie mei-inoar op wyld.

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Wikipedia auteurs en redakteuren
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages