dcsimg

Everswyn ( frison occidental )

fourni par wikipedia emerging languages
 src=
De fersprieding fan it everswyn, sawol it lânseigen (dûnkergrien) as it útlânske foarkommen (blaugrien).

It everswyn (Latynske namme: Sus scrofa), ek wol bekend as de ever of evert, it wylde swyn of de wylde baarch, is in sûchdier it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla) en de famylje fan 'e bargen (Suidae). It is lânseigen yn hast hiel Jeropa, it grutste part fan Aazje en dielen fan Noard-Afrika, mar komt no ek as eksoat yn oare gebieten foar, lykas de Amearika's en Australaazje. It everswyn is dêr faak ferantwurdlik foar frijwat ekologyske skea oan 'e lânseigen floara en fauna. Us domestisearre baarch stammet fan it everswyn ôf en plantet him der noch altyd sûnder swierrichheden mei fuort.

Fersprieding

Yn Nederlân kaam it everswyn foar 1800 frij algemien foar, ek yn Fryslân. Yn 'e terpen binne in soad swineskeletten fûn, al wiene dat almeast de fersille oerbliuwsels fan bisten dy't bejage, tamakke en opiten wiene. Yn 'e rin fan de njoggentjinde iuw waard it everswyn op 'e measte plakken útrûge. Yn 1888 krige men by Beetstersweach noch ien te pakken.[1] Yn 1907 waard it everswyn, op oanstean fan prins Hendrik, wer fannijs útset op 'e Feluwe. Hjoed de dei binne der yn Nederlân twa gebieten dy't foar everswinen bedoeld binne: Nasjonaal Park De Hege Feluwe en Nasjonaal Park de Meinwei, by Roerdalen, yn Limboarch. Dêrnjonken komme se ek foar yn grutte parten fan Limboarch, Twinte en Drinte, yn súdeastlik Brabân, it Ryk fan Nimwegen en op 'e Uterter Heuvelrêch, hoewol't de oerheid se dêr it leafst ferdwinen sjen soe. Yn Fryslân, benammentlik yn 'e uterste súdeastpunt fan 'e provinsje, yn 'e krite fan De Fochtel en Appelskea, komme se sûnt de Twadde Wrâldoarloch wer sporadysk foar.

It everswyn is lânseigen yn hast hiele Jeropa (útsein Yslân, Noarwegen, sintraal en noardlik Sweden en Finlân, en parten fan noardlik Ruslân. Op 'e Britske Eilannen wie it everswyn al sûnt de Midsiuwen útstoarn troch oerbejaging, mar sûnt de jierren tachtich binne fral yn súdlik Ingelân wer, sij it yllegaal, everswinen útset en/of troch bisterjochte-akvisten frijlitten út fokkerijen dy't "wyld" leveren oan eksklusive ythuzen. Bûten Jeropa is it everswyn lânseigen yn Sintraal-Aazje, de Fruchtbere Healmoanne fan it Midden-Easten, Iraan, it Nyl-bekken oant yn Súd-Sûdaan, yn Syrenaika en yn it Atlasberchtme fan Noard-Afrika; fierders op it hiele Yndiaaske subkontinint (Sry Lanka ynbegrepen), it fêstelân fan Súdeast-Aazje, Sumatra, Java en de measten fan 'e Lytse Sûnda-eilannen; yn 'e eastlike helte fan Sina, op Taiwan, de Japanske eilannen (útsein Hokkaido) en it hiele Koreaanske Skiereilân en yn parten fan Mongoalje en súdlik Sibearje. As eksoat komt it everswyn boppedat ek noch foar yn Kalifornje, in part fan Arizona, Floarida en it saneamde Djippe Suden fan 'e Feriene Steaten, yn in diel fan súdlik Argentynje, op Nij-Guineä en yn in grut part fan noardlik en noardeastlik Austraalje.

Uterlik

Folgroeide everswinen hawwe in kop-romplingte fan sa'n 120-170 sm, mei in skofthichte fan 60-110 sm. De bearen hawwe in gewicht fan 60-150 kg en de sûgen fan 45-100 kg. De bear is dan ek frijwat grutter as de sûch en beskikt oer kromme slachtosken yn 'e ûnderkaak (wat eins de ûnderhoektosken binne), dêr't er rare ferwûnings mei meitsje kinne as men him ferget of oer it mad komt. It meast opfallende oan it stal fan it everswyn is dat syn skouders heger binne as syn efterliif. Oer de wringe rint in stripe stiif rjochtoppich boarstelhier en de sturt hat in kwast oan it útein. Lykas by alle bargen is de noasspegel útgroeid ta in soarte fan skiif, dy't it bist brûkt om yn 'e ierde om te wrotten nei fretten.

Biotoop

Everswinen komme benammentlik foar yn boskgebieten, it leafst leaf- en mingde wâlden mei in protte leechhout en oare ûndergroei, mar ek wol yn âldere nuddelwâlden, gebieten mei opgeand strewelleguod, reidfjilden, moerassen en moerasbosken. Se jouwe har del yn ûndjippe kûlen dy't se op drûge plakken yn 'e boskgrûn útgroeven hawwe. Ek grave se gauris gatten op wietere plakken, dêr't dan wetter yn stean bliuwt, sadat se in modderbad nimme kinne. As de dridze opdrûget, komme der parasiten, lykas flieën en tiken yn fêst te sitten, dy't se dan troch tsjin in beam oan te wriuwen mei de opdrûge drekskulfers kwytreitsje kinne.

Hâlden en dragen

 src=
In sûch mei biggen.

Everswinen binne benammentlik yn 'e skimer en nacht aktyf en libje yn matriargale troepen wêrby't de sûgen dúdlik in hegere status hawwe as de bearen. Sa'n troep, dy't bestiet út in stikmannich folwoeksen sûgen mei harren healwoeksen en jonge biggen, kin útgroeie ta in stik as tritich bisten, al sil in troep fan dy grutte mei gauwens útinoar falle as der brekme oan fretten is. Jonge bearen skiftsje har by it berikken fan folwoeksenens ôf en liede dan in solitêr bestean, behalven yn 'e djoeitiid, dy't tusken septimber en jannewaris falt. Dan foegje de bearen har by de troepen en befjochtsje inoar om it rjocht om mei de rûzige sûgen te pearjen. Dêrby kinne se inoar mei harren slachtosken slim ferwûnje. Yn echt wylde omstannichheden dogge de sûgen fan twajierrige en de bearen fan fjouwer- of fiifjierrige âldens mei oan 'e fuortplanting, mar yn kultuerlânskippen begjinne se dêr faak al mei op 'e âldens fan 9-10 moanne, as se noch mar krekt geslachtsryp wurden binne. De draachtiid duorret 16-17 wiken, wêrnei't der tusken jannewaris en april ornaris sân of acht streekbûnte biggen smiten wurde. As de earste smeet it troch lykfol hokker redens net hellet, folget der nochris in djoeitiid, mei in twadde smeet tusken augustus en novimber. De sûch fan it everswyn is berucht om har fûleindige ferdigening fan 'e biggen, wêrby't se nearne foar wykt. Yn it wyld wurde everswinen op syn heechst in jier as njoggen; yn finzenskip kinne se de tritich jier wol helje.

Fretten

 src=
Everswyn.

It everswyn is in allesiter dy't net sinnich is. Ikels en bûkenútsjes hawwe de foarkar, mar gers, plantewoartels, poddestuollen, larven, wjirmen, slakken, ynsekten en sels de jongen fan bisten as kninen, kjifdieren of fûgels wurde ek wol iten. Teffens frette everswinen wol ies, itsij fan bisten dy't in natuerlike dea stoarn binne, itsij de restanten fan proaien fan rôfdieren. Se binne opportunisten, dy't it grutste part harren kost byinoar skarrelje troch mei harren gefoelige noazen oer de boskflier en tusken de fallen blêden troch te wrotten. Ies kinne se mei harren skerpe rooksin faak al fan fierrens rûke. Se meitsje ornaris in gnoarjend lûd, mar kin heechtoanich piipje as se opwûn of yn panyk reitsje.

Status en bejaging

It everswyn hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der gjin kâns op útstjerren bestiet. No't natuerlike fijannen as de wolf, lynks, brune bear en — yn it gefal fan biggen — de oehoe, fanwegen harren weromkringen út it wengebiet dat it everswyn mei de minske dielt, suver nearne mear in dûk yn 'e populaasje meitsje kinne, is de minske sels foar it everswyn it wichtichste rôfdier wurden. Bejaging troch ûnkundige (of ûnferskillige) lju liedt faak ta ûnlykwichtige populaasjes fan benammentlik jonge bisten. Yn Nederlân mei it everswyn tsjintwurdich net mear bejage wurde, al ferlient de oerheid somtiden in ûntheffing foar ôfskot as de populaasjedruk op 'e omlizzende gebieten te grut wurdt.

Undersoarten

Der wurde yn 'e regel fjouwer groepen ûndersoarten erkend.

Westlike ûndersoarten (scrofa)

Yndyske ûndersoarten (cristatus)

 src=
Everswinen (Sus scrofa affinis) op Sry Lanka.

Eastlike ûndersoarten (leucomystax)

De Sûndaneeske ûndersoart (vittatus)

De domestisearre baarch

  • Sus scrofa domesticus (baarch): faak as ûndersoart fan it everswyn beskôge, mar ek wol as in aparte soart klassifisearre: Sus domestica.

Boarnen, noaten en referinsjes

licence
cc-by-sa-3.0
droit d’auteur
Wikipedia auteurs en redakteuren

Everswyn: Brief Summary ( frison occidental )

fourni par wikipedia emerging languages
 src= De fersprieding fan it everswyn, sawol it lânseigen (dûnkergrien) as it útlânske foarkommen (blaugrien).

It everswyn (Latynske namme: Sus scrofa), ek wol bekend as de ever of evert, it wylde swyn of de wylde baarch, is in sûchdier it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla) en de famylje fan 'e bargen (Suidae). It is lânseigen yn hast hiel Jeropa, it grutste part fan Aazje en dielen fan Noard-Afrika, mar komt no ek as eksoat yn oare gebieten foar, lykas de Amearika's en Australaazje. It everswyn is dêr faak ferantwurdlik foar frijwat ekologyske skea oan 'e lânseigen floara en fauna. Us domestisearre baarch stammet fan it everswyn ôf en plantet him der noch altyd sûnder swierrichheden mei fuort.

licence
cc-by-sa-3.0
droit d’auteur
Wikipedia auteurs en redakteuren