De toefein (Latyn: Aythya fuligula) is in fûgel út de famylje fan de einfûgels. De toefein wurdt ek wol kamdûker, topein en túfke-ein neamd.
In folwoeksen Toefein is likernôch 45 sm grut en dermei like grut as de Jolling. De fûgel hat syn namme te tankjen oan de toef dy't sawol it mantsje as it wyfke hawwe. It mantsje is meast swart mei in lange hingjende toefe op'e kop, fierder hat er in wite búk en in ljochtblaue snaffel. It wyfke sit net sa opfallend yn de fearren, sy is meast brún en hat mar in koart toefke.
De toefeinen komme yn in grut part fan Jeropa foar. Yn West-Jeropa komme de fûgels meast it hiele jier foar. De fûgels út Skandinaavje en East-Jeropa binne meast trekfûgels dy't de winter oan de Middellânske See en de Swarte See trochbringe.
De toefein yt it meast moksels en ynsekten, dy't hy troch ûnder wetter te dúken fangt. Hy dûkt dêrby oant sa'n twa meter djip.
It nêst fan de toefein is soms in bulte wetterplanten, mar faak wurdt oan de wetterkant in nêst ûnder de strûken makke. De 7-10 aaien wurde yn sa'n trije en heale wike útbred.
De toefein (Latyn: Aythya fuligula) is in fûgel út de famylje fan de einfûgels. De toefein wurdt ek wol kamdûker, topein en túfke-ein neamd.