dcsimg

Swarte krie ( Frísio Ocidental )

fornecido por wikipedia emerging languages
 src=
ferspriedingsgebiet

De swarte krie (Corvus corone), kraai, âld roek of âld(e) ka[1], is in fûgel út de famylje fan de kriefûgels.

Foarkommen

In folwoeksen krie is sa'n 48 sm grut en waaget in 550 gram. Yn krie is in stik grutter as in ka in ek hielendal swart, faak mei in grienige gloed oer de fearren. Fan de roek dy't likegrut is binne se te ûnderskieden troch de keale hûd dy't de roek om de snaffel hat, ek hat de roek fearren om syn poaten en in swarte krie net.

Fersprieding

De soart komt foar yn West- en Sintraal-Jeropa en ek yn it Easten fan Aazje komt de swarte krie foar. Dêr libbet de ûndersoarte C. corone orientalis. Yn it tuskenlizzende gebiet libbet de Skierroek, dy't besibbe is oan de swarte krie, de wittenskippers binne der noch net út at in no in ûndersoarte is fan de swarte krie as in aparte soarte. Yn it gebiet wêr't beide soarten foarkomme blykt dat se ek fruchtbere neiteam fuortbringe kinne.

Fuortplanting

It nêst wurdt fanôf maart yn de foarke fan in beamtûke boud troch beide âlden. De aaien wurde allinne troch it wyfke útbret. De Krieën briede net yn koloanjes sa as roeken en de ka. De blaugriene aaien mei donkere flekken binne in 4 sm grut. De 4 oant 7 aaien wurde in 18 dagen bebret. Dêrnei wurde de jongen troch beide âlden fersoarge, nei in 28-35 dagen fleane de jongen út.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory fan Wikimedia Commons.
licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Wikipedia auteurs en redakteuren
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Swarte krie: Brief Summary ( Frísio Ocidental )

fornecido por wikipedia emerging languages
 src= ferspriedingsgebiet

De swarte krie (Corvus corone), kraai, âld roek of âld(e) ka, is in fûgel út de famylje fan de kriefûgels.

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Wikipedia auteurs en redakteuren
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages