De hynsteblom (Taraxacum officinale) is in soarte út de kompositenfamylje (Asteraceae). Yn dizze famylje binne blommen tige redusearre en lyts en steane ticht by elkoar yn in blomkopke. Hynsteblommen binne tige algemien. Yn april kinne se hiele greiden giel kleurje. Dochs kinne bepaalde mikro-soarten en seksjes seldsum wêze.