De Piiptsjilling (Anas crecca) is in fûgel út it skaai fan de Einen. It is de lytste soarte út de famylje fan de einfûgels dy't yn Jeropa foarkomt.
De Piiptsjilling wurdt yn it Frysk ek wol oantsjut mei: Krik, Krikeintsje, Lytse Tjilling, Lytse Tsjilling, Piiptjilling, Pyptjilling, Pyptsjilling, Poepetjilling as Poepetsjilling.
Lykas by in protte einen is der in grut ferskil tusken de beide slachten. It mantsje hat in opfallende kastanjebrune kop, mei in brede griene streek fanôf it each oan't achter yn de nekke. Om dizze streek sit in ljochte râne. Fierder hat it mantsje ljochte fearren mei smelle grize streken dertroch. Ek in opfallend kenmerk is de felgiele trijehoek under de sturt. It wyjke is meast brun, lykas it wyfke fan de Wylde Ein. Beide fûgels hawwe ljochtere fearren op it boarst en hawwe in griene wjukspêgel. De Piiptsjilling is sa'n 35-36 sm lang en hat in wjukspanwiidte fan 60 sm. De einen wage tusken de 25--400 gram.
De Piiptsjilling komt foar op it grutste part fan it noardelik healrûn. Yn West-Jeropa komme se it hiele jier foar, ek yn Nederlân komme se wol ta brieden, hoewol net yn grut tal. De fûgels dy't yn Skandinaavje en East-Jeropa briede oerwinterje by de Middellânske See.
De Piiptsjillingen yn Noard-Amearika wurde faak sjoen as in aparte soarte, de Amerikaanske Piiptsjilling.
De Piiptsjilling siket syn iten meast yn undjip wetter. Meast ite se ynsektelarven en wjirmkes, mar ek wol parten fan wetterplanten.
De Piiptsjillingen meitsje fanôf ein april in nêst wer't it wyfke sa'n 8-10 meast grieneftige aaien yn leit. It wyfke briedt de aaien yn trije wiken út, wernei de jongen útkomme en it nêst ferlitte. It duorret dan noch in trije wike foardat de jongen harren sels rêde kinne. Under it brieden en at de jongen lyts binne hâlde de einen harren meast ferside tusken de reiden en oare begroeiïng. Earst at de jongen fleane kinne komme se wer te foarskyn.
De Piiptsjilling (Anas crecca) is in fûgel út it skaai fan de Einen. It is de lytste soarte út de famylje fan de einfûgels dy't yn Jeropa foarkomt.