dcsimg

Grutte seachbek ( 西菲士蘭語 )

由wikipedia emerging languages提供

De grutte seachbek (Mergus merganser) is in fûgel út it skaai fan de seachbekken.

Oare nammen

De grutte seachbek wurdt yn it Frysk ek wol oantsjut mei: grutte bûnte dûkein, grutte bûnte dûkelein, grutte bûnte dûker as grutte seachdûker.

Foarkommen

 src=
It wyfke.

De grutte seachbek is in 65 sm grutte ein. It mantsje is goed wer te kennen oan syn swarte grieneftich glânzjende kop en syn swarte rêch; fierder is er wyt. It wyfke liket op de bûnte seachbek mei har readbrune kop en fierders grize fearren.

Iten

It iten fan de grutte seachbekken bestiet foaral út fisk, dy't se mei harren smelle skerpe snaffel ûnder it dûken fange. De fûgels kinne wol oant sa'n tsien meter djip dûke.

Fersprieding

 src=
Fersprieding fan de Grutte Seachbek
it hiele jier rûn
allinich simmers allinich winters

De briedgebieten fan de grutte seachbek binne te finen yn Noard-Jeropa, Noard-Aasje en Noard-Amearika. Yn de winter lûke de fûgels nei iisfrij wetter, meast gruttere marren mei in protte fisk. Yn de súdlike parten fan syn ferspriedingsgebied bliuwt de fûgel it jier rûn op it selde plak.

Fuortplanting

 src=
Mergus merganser

Grutte seachbekken binne hoalebrieders, dy't meast beamhoalen brûke. It hol wurdt mei dûns beklaaid wêrnei't it wyfke fan april ôf sa'n 7-14 aaien leit. De aaien wurde allinich troch it wyke yn 32 oant 35 dagen útbret. De einepyken ferlitte it nêst nei in dei wêrby't se harren nei ûnderen falle litte. It wyfke liedt de jongen nei it wetter. Ynstee fan fisken frette de jongen earst in skoft wetterynsekten en wjirms.

Sjoch ek

許可
cc-by-sa-3.0
版權
Wikipedia auteurs en redakteuren
原始內容
參訪來源
合作夥伴網站
wikipedia emerging languages

Grutte seachbek: Brief Summary ( 西菲士蘭語 )

由wikipedia emerging languages提供

De grutte seachbek (Mergus merganser) is in fûgel út it skaai fan de seachbekken.

許可
cc-by-sa-3.0
版權
Wikipedia auteurs en redakteuren
原始內容
參訪來源
合作夥伴網站
wikipedia emerging languages