dcsimg

Paradysfûgels ( 西菲士蘭語 )

由wikipedia emerging languages提供
 src=
Keningsparadysfûgel (Cicinnurus regius)

Paradysfûgels (Paradisaeidae) binne in famylje fan fûgels út de oarder fan de sjongfûgels, dy't him beheint ta Nij-Seelân oant Nij-Guinea en omlizzende eilannen, en it noardeasten fan Austraalje.

It binne hecht boude fûgels mei in frij swiere snaffel en krêftige poaten en teannnen. Se skille yn grutte fan dy fan in protter oant dy fan in roek, mar guon soarten binne frijwat grutter troch de ferlingde flank- en sturtfearren. De brune sikkelsnaffel (Epimachus meyeri) mjit totaal 97-100 sm, mar dêrfan komt in grut part foar rekken fan de sturt. De mantsjes fan de measte soarten binne fel kleure en hawwe walen, keeps, waaiers en sa. Dy binne polygaam. By de minder opfallende soarten hawwe mantsjes en wyfkes in hast likens fearrekleed. Dy binne meast monogaam.

許可
cc-by-sa-3.0
版權
Wikipedia auteurs en redakteuren
原始內容
參訪來源
合作夥伴網站
wikipedia emerging languages