dcsimg

Hjerstsering ( Frísio Ocidental )

fornecido por wikipedia emerging languages

De hjerstsering of floks (Phlox, Nederlânsk: Vlambloem) is in plantegeslacht mei sa'n santich soarten, dy't ta de hjerstseringefamylje hearre (Polemoniaceae). It Aldgrykske wurd betsjut 'flam', faaks fanwege de flammereade kleur fan de wylde soarte. Floksen wurde in soad as fêste plant yn de siertún set. Der binne lykwols ek ienjierrige soarten. Yn Noard-Amearika komme 27 soarten foar, dêr't in ferskaat fan yn de 18e iuw al nei Europa brocht binne. Ut dy soarten binne op't heden goed tûzen rassen wûn mei faak readige blommen, mar ek rôze, wite, oranje, fiolette en blauwe komme foar.

Phlox drummondii is in ienjierrige plant dy't fan mids maart oant maaie bloeit. Fêste soarten, lykas Phlox divaricata bloeit as earste yn april. Phlox subulata is in lege, soms grienbliuwende soarte, dy't fan april oant mids maaie bloeit. Phlox paniculata, in hege soarte, bloeit oant yn de hjerst en ferklearret de Fryske namme.

Soarten

 src=
Phlox diffusa
 src=
Phlox douglasii
 src=
Frucht en sied fan de Hjerstsering (Phlox paniculata)
  • Phlox adsurgens
  • Phlox alyssifolia
  • Phlox andicola
  • Phlox austromontana
  • Phlox bifida
  • Phlox borealis
  • Phlox bryoides
  • Phlox buckleyi
  • Phlox caespitosa
  • Phlox carolina
  • Phlox cuspidata
  • Phlox diffusa
  • Phlox divaricata
  • Phlox douglasii
  • Phlox drummondii, ienjierrich
  • Phlox floridana
  • Phlox glaberrima
  • Phlox idahonis
  • Phlox kelseyi
  • Phlox maculata
  • Phlox missoulensis
  • Phlox multiflora
  • Phlox nana
  • Phlox nivalis
  • Phlox ovata
  • Phlox paniculata
  • Phlox pilosa
  • Phlox pulchra
  • Phlox sibirica
  • Phlox speciosa
  • Phlox stolonifera
  • Phlox subulata

Literatuer

  • (dú) Hermann Fuchs: Phlox - Stauden- und Polsterphlox. Ulmer, Stuttgart ISBN 3-8001-6539-2
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory fan Wikimedia Commons.
licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Wikipedia auteurs en redakteuren
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Hjerstsering: Brief Summary ( Frísio Ocidental )