dcsimg

Otter ( frison occidental )

fourni par wikipedia emerging languages

De otter (alternative stavering: atter (mei deselde útspraak); Latynske namme: Lutra lutra), ek wol bekend as de fiskotter, de gewoane otter, de Jeropeeske otter of de Jeraziatyske rivierotter is in semy-akwatysk sûchdier út 'e famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae), de ûnderfamylje fan 'e otters (Lutrinae) en it skaai fan 'e fiskotters, dat yn frijwol hiel Jeropa en grutte dielen fan Aazje lânseigen is. Yn Nederlân stoar er yn 1988 út, mar is er sûnt 2002 wer yn it wyld reyntrodusearre. Yn Fryslân waarden de earste otters yn 2012 yn 'e Alde Feanen útset.

Fersprieding

De otter is lânseigen yn hast hiele Jeropa, útsein Yslân, de eilannen yn 'e Middellânske See, it uterste noarden fan Ruslân, de Súdrussyske Koeban en it súdlike part fan 'e Oekraïne. Yn West-Jeropa is it mei de otter sûnt 1900 lykwols hurd efterút gien en op in soad plakken, wêrûnder hiele Nederlân, is er útstoarn (al is er sûnt wer op 'e nij útset). Noch hiel algemien is de otter yn Ierlân, Noard-Ierlân, Skotlân, Noarwegen, Portegal en dielen fan Frankryk, Ingelân, Denemark, Sweden, Finlân, Tsjechje en Slowakije, wylst yn it Dútsk-Poalske grinsgebiet noch in restpopulaasje bestiet.

Bûten Jeropa komt de otter ek foar yn it Atlasberchtme fan Noard-Afrika, Lyts-Aazje, de Kaukasus en de súdlike helte fan Sibearje en oangrinzgjende dielen fan Kazachstan, Mongoalje en Mantsjoerije; fierders yn grutte parten fan Iraan, Afganistan en Sintraal-Aazje, yn 'e legere dellingen fan 'e Himalaya, de Súdyndiaaske dielsteat Tamil Nadû en op Sry Lanka; yn súdeastlik Sina, dielen fan it fêstelân fan Súdeast-Aazje, hiele Koreä, en op Taiwan en Sumatra. De Japanske rivierotter (Lutra lutra whiteleyi), dy't foarhinne op it Japanske eilân Sjikokû foarkaam, wie in ûndersoarte fan 'e (gewoane) otter, dy't lykwols yn 2012 offisjeel foar útstoarn ferklearre waard.

Uterlike skaaimerken

De otter hat trochinoar in kop-romplingte fan 60-95 sm, mei in sturtlingte fan 35-50 sm en in gewicht fan 4½-12 kg. Mantsjes binne dúdlik swierder as wyfkes. Otters hawwe in ferwielsêfte pels dy't op 'e rêch dûnkerbrún oant dûnkerbêzje is en op 'e bealch wyt oant fealwyt. Se binne folslein oanpast oan it libben yn it wetter, mei swimfluezzen tusken alle teannen, tige gefoelige snorhierren, lytse hûdflapkes dy't ûnder it dûken de earen en noasters tichthâlde, in spiersterke sturt dy't by it swimmen as roer tsjinnet, en in wettertichte behierring.

 src=
Fersprieding fan 'e otter.

Biotoop

Otters hâlde yn 'e regel ta oan 'e iggen fan beken, rivieren, marren en puollen mei skjin wetter, in goede fiskstân en genôch beskûl yn 'e foarm fan bosk of strewelleguod. Se kinne ek oan 'e seekant libje, sa't se bygelyks dogge yn Skandinaavje, Skotlân, Ierlân en Bretanje, mar dan moat der wol swiet wetter deunby wêze, want sâlt wetter kinne se net drinke.

Hâlden en dragen

De otter is eins in skruten bist, dat fral nachts aktyf is, al giet er it deiljocht net út 'e wei as er him feilich fielt. Krekt oarsom, want hy mei graach sinnebaaie. Hy hat in semy-akwatyske libbensstyl, wêrby't er mear yn as út it wetter tahâldt. By it dûken kin er oant 4 minuten lang ûnder wetter bliuwe ear't er wer boppekomme moat om te sykheljen. Otters libje yn prinsipe solitêr, mar de jongen bliuwe in jier lang by de mem, en sawol mem as jongen hâlde en dragen har dan gauris tige boartlik. Sa meitsje se by glysterige wâlen del of winterdeis as der snie leit faak in glydbaan, dêr't se har dan om bar by del glydzje litte, nei't it skynt poer foar harren eigen fermaak.

 src=
In otter oan 't miel.

It territoarium fan in mantsjesotter is likernôch 15 km yn trochsneed en dat fan wyfkes sa'n 7 km. Nachts wurdt in grut part dêrfan besocht op streuptocht nei fretten. Jonge of ferballe bisten kinne tsientallen kilometers ôflizze op 'e siik nei in nij wengebiet. Otters hawwe almeast gjin fêste peartiid, al falt dy yn Skotlân en Noarwegen en op 'e Sjetlâneilannen yn 'e maityd. De wyfkes binne it hiele jier troch om 'e seis wiken fruchtber. De draachtiid duorret likernôch 9 wiken, mar men hâldt it derop dat der in ferlinge draachtiid fan sa'n 9 moannen foarkomt as de pearing op in ûngeunstige tiid fan it jier plakfynt. De jongen wurde ek it hiele jier troch smiten, mar it faakst tusken febrewaris en april yn. In ottersmeet bestiet ornaris út 2 of 3 jongen, al kin dat oantal ûnder ekstreme omstannichheden oprinne ta 6. Nei in jier binne de jongen selsstannich en nei 2 of 3 jier binne se geslachtsryp. Otters hawwe frijwol gjin natuerlike fijannen mear, mar it ferkear makket in protte slachtoffers. As se dêroan ûntsnappe, kinne se oant 18 jier âld wurde.

Fretten

De otter is in folsleine fleisiter, dy't al syn proaien yn en oan it wetter pakt. Syn menu bestiet foar in grut part út fisk, mar ek snipt er wol amfibyen, kreeften, krabben, lytse of jonge fûgels, aaien, mûzen, rotten, wetterrotten en muskesrotten.

Status

De otter is de lêste goed iuw, benammen yn Jeropa, sterk yn it neigean rekke troch drûchlizzing fan syn habitat en oarsoartige ferballing troch de minske, û.o. troch wetterfersmoarging. Dêrom hat er de IUCN-status fan "gefoelich" krigen, wat sizze wol dat er wrâldwiid net bedrige wurdt, mar dat syn tastân al yn 'e rekken holden wurde moat.

Yn Nederlân waard de otter sûnt 1988 as útstoarn beskôge, al waard der it jiers dêrop noch in ferdwaald eksimplaar deariden yn Fryslân. Men besleat ta reyntroduksje en sadwaande waarden yn 2002 yn it Nasjonaal Park de Wearribben, yn 'e Kop fan Oerisel, wer otters útset yn it wyld. Yn 2004 waarden der wer foar it earst otterjongen berne yn Nederlân en datselde jiers waarden noch in stikmannich otters op itselde plak útset. Sûnt is de otter wer waarnommen yn 'e Tsjettelmar, tusken it Suderleech en de Flevopolder; oan 'e Lindedyk, yn 'e Stellingwerven; by de Ruten-ie, yn Grinslân; op 'e Feluwe en yn Twinte. Op 2 novimber 2012 waarden der boppedat trije otters út Tsjechje útset yn 'e Alde Feanen, tusken Ljouwert en Drachten.

Sjoch ek

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

licence
cc-by-sa-3.0
droit d’auteur
Wikipedia auteurs en redakteuren

Otter: Brief Summary ( frison occidental )

fourni par wikipedia emerging languages

De otter (alternative stavering: atter (mei deselde útspraak); Latynske namme: Lutra lutra), ek wol bekend as de fiskotter, de gewoane otter, de Jeropeeske otter of de Jeraziatyske rivierotter is in semy-akwatysk sûchdier út 'e famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae), de ûnderfamylje fan 'e otters (Lutrinae) en it skaai fan 'e fiskotters, dat yn frijwol hiel Jeropa en grutte dielen fan Aazje lânseigen is. Yn Nederlân stoar er yn 1988 út, mar is er sûnt 2002 wer yn it wyld reyntrodusearre. Yn Fryslân waarden de earste otters yn 2012 yn 'e Alde Feanen útset.

licence
cc-by-sa-3.0
droit d’auteur
Wikipedia auteurs en redakteuren