dcsimg

Wytstirns ( frison occidental )

fourni par wikipedia emerging languages
 src=
Sterna hirundo

De Wytstirns (Sterna hirundo) is in fûgel út de famylje fan de stirnzen (Sternidae).

Oare Nammen

De wytstirns wurdt yn it Frysk ek wol fiskedief, fiskefanger, skotstirns as tiereliertsje neamd.

Foarkommen

De Wytstirns hat in protte fan de Noardske Stirns, mar is in bytsje lytser. Hy wurdt sa'n 35 sm grut en hat in wjukspanwiidte fan sa'n 70 oant 80 sm. De fine wytstirns hat in swellesturt en in reade snaffel mei in swarte punt. De fearren binne wyt oant ljochtgriis en boppe op de kop is de fûgel swart. Syn poaten binne read.

Fersprieding

De Wytstirns komt foar oan de kust fan seeën en by it binnenwetter yn sawat hiel Jeropa. Yn de winter lûke se nei it suden en westen fan Afrika.

Iten

De Wytstirns dûkt by it iten sykjen yn it wetter. Sa pakt er meast lytse fiskjes. Mar hy yt ek weakdieren en ynsekten.

Fuortplanting

De Wytstirns briedet fan maaie oant augustus op net al te bot begroeide rots- as sâneilantsjes. Yn it binnenlân wurde faak keunstmjittich eilantsjes foar de fûgels yn it wetter lein. Yn it nêst, in kûltsje dat mei wat gêrs oanklaaid wurdt, leit it wyfke ien oant fjouwer aaien. De sa'n fjouwer sm. grutte aaien wurde yn trije wiken troch beide âlden útbrieden. It duorret dan noch trije oant fjouwer wike oant de jongen útfleane.

Sjoch ek

Commons – foto, fideo en harktriemmen
licence
cc-by-sa-3.0
droit d’auteur
Wikipedia auteurs en redakteuren

Wytstirns: Brief Summary ( frison occidental )

fourni par wikipedia emerging languages
 src= Sterna hirundo

De Wytstirns (Sterna hirundo) is in fûgel út de famylje fan de stirnzen (Sternidae).

licence
cc-by-sa-3.0
droit d’auteur
Wikipedia auteurs en redakteuren