dcsimg

Giel boumantsje ( الفريزية الغربية )

المقدمة من wikipedia emerging languages

It giel boumantsje (Motacilla flava) is in 16 sm grutte fûgel út de famylje fan de piperfûgels.

Oare Fryske nammen

It giel boumantsje wurd ek wol gielboarstje of giele wipsturt neamd.

Foarkommen

It giel boumantsje is der yn ferskillende foarmen. Der binne ferskeidene ûndersoarten dy't foaral by harren kop ferskille. Se hawwe wol allegear in giele boarst en búk en in grienbrune rêch.

Fersprieding

De giele boumantsjes komme foar yn it iepen fjild. Yn sompen of op it boulân mar it meast yn de greiden, yn de buert fan wetter.
De fûgels briede yn Europa en Aazje, mar oerwinterje meast yn Afrika en it súden fan Aazje. Der is ek in populaasje yn Alaska yn Noard-Amearika, dy fûgels oerwinterje meast súdliker by de Pasifyske kust.

Iten

De giele boumantsjes ite meast ynsekten dy't troch it fee yn de greiden opjage wurd. Se rinne mei de bisten mei at se iten sykje werby se hurd rinne en ûnderwilens ek stil steane werby se mei harren sturt op en del wippe. Ek at se oerwinterje yn Afrika sykje se it selskip fan boeren mei harren fee.

Fuortplanting

It giele boumantsje makket in nêst op de grûn ferside tusken it gers. Yn it nêst leit it wyfke 4-6 wyteftige aaien mei griisbrune plakken. It wyfke briedt de aaien yn 11-12 dagen út wernei de jonge fûgels nog 11-13 dagen yn it nêst troch beide âlden fuorre wurde. Dernei ferlitte de jongen it nêst wylst se dan noch net fleane kinne. De boumantsjes bringe yn in jier ien of twa nêsten mei jongen grut.

ترخيص
cc-by-sa-3.0
حقوق النشر
Wikipedia auteurs en redakteuren
النص الأصلي
زيارة المصدر
موقع الشريك
wikipedia emerging languages

Giel boumantsje: Brief Summary ( الفريزية الغربية )

المقدمة من wikipedia emerging languages

It giel boumantsje (Motacilla flava) is in 16 sm grutte fûgel út de famylje fan de piperfûgels.

ترخيص
cc-by-sa-3.0
حقوق النشر
Wikipedia auteurs en redakteuren
النص الأصلي
زيارة المصدر
موقع الشريك
wikipedia emerging languages