De kantroas, kantsjeroas, kantsjebeam (Rosa canina; Nederlânsk: Hondsroos) is in yn de Benelux yn de natoer foarkommende roas út de famylje Rosa caninae. De strûk komt foar yn Jeropa, Noardwest-Afrika en Súdwest-Aazje. Yn Noard-Amerika is de plant ynbrocht. De plant is foar it earst wittenskiplik beskreaun troch Linaeus yn 1753.
De strûk wurdt 1 oant 3 meter heech. De blêden en tûken binne grien of kinne somtiden út in readens skine en hawwe gjin klieren oan de ûnderkant. De stikels binne meast heakfoarmich bûgd. Rosa canina 'Assisiensis' is in kultivar sûnder toarnen.
De kantroas bloeit yn juny en july mei 4-6 cm grutte, wite of rôze blommen. De kroanblêden binne folle langer as de tsjelkblêden. De frucht is in ovale, read-oranje, 1,5-2 cm grut kantsjes. De sieden kinne har sûnder befruchting (apomiksy) ûntjaan.
Dizze roas komt foar op grûn dêr't wat yn sit, net al te soere, net al te tsjustere plakken. Mei syn stikels beskermet er him tsjin fretterij. De kantroas komt benammen oan boskrânen, yn hagen en yn strewiel foar. De blommen wurde fan bijen bestowd, de kantsjes wurde graach iten yn de moannen desimber, jannewaris en febrewaris, troch allerhanne fûgels, sa as de readwjuk en de fjildlyster.
Op de kantroas komt de bedeguaargal foar, in woekering feroarsake troch de galbrims Diplolepis rosae.
It elemint honds- (hûn) dat yn in protte talen oan de namme fan dizze roas hinget, stammet út de antike genêskunde: de plant waard brûkt tsjin hûnsdûmens (rabiës).
Nammen yn oare talen
Fan de kantsjes wurdt ûnder oaren jam en sjerp makke. Dizze jam befettet in soad fitamine C. Fierders sit der ek karoteen, fitamine B1 en fitamine B2 yn. De plant is teffens ryk oan beskate anti-oksidanten. en is wol tylt foar boppeneamde produkten, fral yn tiden fan tekoarten of yn oarlochstiid.
Yn de Fietnamkriich, waard Rosa canina wol drûge troch soldaten en yn tabak dien. It smoken joech in myld hallúsinogeen effekt en abnormale dreamen.[1]