dcsimg

Lytse iisfûgelflinter ( 西菲士蘭語 )

由wikipedia emerging languages提供

De Lytse iisfûgelflinter (Limenitis camilla) is in soarte yn de famylje fan de Aureliaflinters (Nymphalidae).

Foarkommen

De Lytse Iisfûgelflinter libbet foaral in ôfwikseljende fochtige mingde bosken of leafbosken. Hy kaam earder foar op in grut diel fan de sângrûnen yn East- en Súd-Nederlân. Op it stuit binne se allinnich nog te finen yn Twinte en de Achterhoek. Fan 1990 ôf is de flinter sterk efterútgongen. De Lytse Iisfûgelflinter is in honkfêste soart.

Op de reade list stiet de flinter as bedrige.

 src=
Lytse Iisfûgelflinter

Flinter

De wjuklingte is likernôch 22 oant 29 mm. Oer de ûnderkant fan de efterwjuk rint in dûbele rige donkere plakjes. De flinter liket sterk op de Blauwe Iisfûgelflinter.

Fleantiid

De flinter fleant fan ein maaie ôf oant ein augustus. Benammen de earste helte fan juny oant ein july. Soms is der in twadde generaasje yn septimber mar dat is mar hiel seldsum.

Rûp

De rûp kin 30 mm wurde. It liif is felgrien mei twa rigen brune fertakke toarns op 'e rêch. De kop is brún. De hiele rûp is bedutsen mei wite wartsjes. De rûp hat in tige ûnderskiedend fretspoar. De rûpen frette de blêden sà op dat allinnich de middennerf stean bliuwt. Se oerwinterje troch in blêd fan de Kamperfoelje byelkoar te spinnen ta in soartemint kapsule.

De rûp fret allinnich fan de Kamperfoelje.

Sjoch ek

 src=
Lytse Iisfûgelflinter mei sprate wjukken.
許可
cc-by-sa-3.0
版權
Wikipedia auteurs en redakteuren
原始內容
參訪來源
合作夥伴網站
wikipedia emerging languages

Lytse iisfûgelflinter: Brief Summary ( 西菲士蘭語 )

由wikipedia emerging languages提供

De Lytse iisfûgelflinter (Limenitis camilla) is in soarte yn de famylje fan de Aureliaflinters (Nymphalidae).

許可
cc-by-sa-3.0
版權
Wikipedia auteurs en redakteuren
原始內容
參訪來源
合作夥伴網站
wikipedia emerging languages