dcsimg

Pyreneeske wrotmûs ( 西菲士蘭語 )

由wikipedia emerging languages提供

De Pyreneeske wrotmûs (Latynske namme: Microtus gerbei) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e Jeraziatyske gerslânwrotmûzen (Alexandromys), dat foarkomt yn 'e Pyreneeën en súdwestlik Frankryk. In wittenskiplik synonym foar dizze soarte is Microtus pyrenaicus De Sélys-Longchamps, 1847. Soms wurdt de Pyreneeske wrotmûs beskôge as in ûndersoarte fan 'e saviwrotmûs (Microtus savii).

Fersprieding

De Pyreneeske wrotmûs komt foar yn 'e Frânske en de Spaanske Pyreneeën en yn Andorra, en op it Ibearysk Skiereilân fierders yn Spaansk Baskelân. Yn Frankryk strekt syn ferspriedingsgebiet him út oer it hiele súdwesten fan it lân, oan súdlik Bretanje ta.

 src=
It ferspriedingsgebiet fan 'e Pyreneeske wrotmûs.

Uterlike skaaimerken

De Pyreneeske wrotmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 9-11 sm, mei in sturtlingte fan 2⅓-3⅔ sm en in gewicht fan 17-27 g. Foar in wrotmûs is er frij lyts fan stal, mar justjes grutter as de koartearwrotmûs (Microtus subterraneus). De sturt is nea langer as ⅓ fan 'e kop-romplingte. Op 'e rêch is er giel- oant griisbrún, en op 'e bealch grizich, wêrby't der gjin skerpe demarkaasjeline tusken dy beide kleuren bestiet, mar se ynstee stadichoan yninoar oergeane. De earen binne frij behindich, en stekke mar kwealk út it hier wei, mar de eagen binne frij grut. Al mei al liket de Pyreneeske wrotmûs tige op 'e saviwrotmûs (Microtus savii) en ek op 'e koartearwrotmûs (Microtus subterraneus). Hy is fan dy soarten inkeld mei wissichheid te ûnderskieden op grûn fan opmjittings fan 'e plasse.

Biotoop

Pyreneeske wrotmûzen jouwe de foarkar oan bosklân, kapflakten, greiden en tunen. Yn 'e Pyreneeën komt er oant op 2.000 m hichte foar, dêr't er benammentlik libbet oan 'e bopperâne fan 'e beamgrins en op berchgreiden mei wat beskutting yn 'e foarm fan strewelleguod of útstykjende rotsen.

Hâlden en dragen

Oer de libbenswize fan 'e Pyreneeske wrotmûs is net sa'n soad bekend. Hy graaft hoalen dêr't er de fochtige ierde út ferwideret, mar oars as dat by de Provinsaalske wrotmûs (Microtus duodecimcostatus) it gefal is, dy't ek yn súdlik Frankryk foarkomt, smyt er dat net op bulten by de yngong. Saakkundigen binne fierders fan tinken dat de libbenswize fan Pyreneeske wrotmûzen net folle ôfwykt fan dy fan 'e koartearwrotmûs (Microtus subterraneus). De wyfkes smite nêsten mei 2-4 jongen. De Pyreneeske wrotmûs is hast folslein fegetarysk, en yt benammentlik krûden.

Boarnen, noaten en referinsjes

許可
cc-by-sa-3.0
版權
Wikipedia auteurs en redakteuren
原始內容
參訪來源
合作夥伴網站
wikipedia emerging languages

Pyreneeske wrotmûs: Brief Summary ( 西菲士蘭語 )

由wikipedia emerging languages提供

De Pyreneeske wrotmûs (Latynske namme: Microtus gerbei) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e Jeraziatyske gerslânwrotmûzen (Alexandromys), dat foarkomt yn 'e Pyreneeën en súdwestlik Frankryk. In wittenskiplik synonym foar dizze soarte is Microtus pyrenaicus De Sélys-Longchamps, 1847. Soms wurdt de Pyreneeske wrotmûs beskôge as in ûndersoarte fan 'e saviwrotmûs (Microtus savii).

許可
cc-by-sa-3.0
版權
Wikipedia auteurs en redakteuren
原始內容
參訪來源
合作夥伴網站
wikipedia emerging languages