De toer- en nachtsweleftigen (Latynske namme: Cypselomorphae of ek wol Strisores) foarmje in noch rangleaze taksonomyske groep fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves) en de rangleaze groep fan 'e hegere fûgels (Metaves).
Ta dizze groep hearre 3 skiften fûgels, nammentlik de nachtsweleftigen (Caprimulgiformes), de dwerchnachtsweleftigen (Aegotheliformes) en de toersweleftigen (Apodiformes). De beide lêste groepen binne nauwer mei-inoar besibbe as mei de nachtsweleftigen, en binne dêrom ûnderbrocht yn in fierder rangleas tuskentakson: dat fan 'e toer- en dwerchnachtsweleftigen (Daedalornithes). Ferskate fossile taksons (fariëarjend fan it lette Paleoseen oant it iere Oligoseen) wurde ûnder foarbehâld ek yn 'e groep fan 'e toer- en nachtsweleftigen pleatst.