De Heideflinter ( Hipparchia semele) is in soarte yn de famylje fan de Aureliaflinters
De flinter komt hast net mear foar yn Nederlân. De flinter is dan seldsum. De flinter komt foar lâns de dunen wêr’t heide is. Yn It Goai komt de heideflinter noch foar. Mar alle jierren in lyts bytsje minder faak.
De flinter hâldt net fan hiele iepen terreinen. Hjir en der moat al in beam stean dit omdat oars de flinter it te waarm krijt. De flinter hat yn de perioade july oant augustus in soad nektar nedich. In libbenskrêftige populaasje hat in grut heidefjild nedich mei hjir en dêr in beam.
Op de reade list stiet de flinter as gefoelich.
De flinter fleant fanôf heal juny oant ein septimber. Der is in pyk yn it oantal flinters midden augustus. De flinter fleant yn 1 generaasje.
De flinter oerwinteret as rûp. De flinter set de aaikes ôf op keale plakken. Hjir is faak wat waarmer, dan hawwe de rûpen mear kâns. De rûp ferstoppet himsels by it ferpopkjen yn de grûn.
De rûp fret skrobberheide, skieppegers en swinkgers
De Heideflinter ( Hipparchia semele) is in soarte yn de famylje fan de Aureliaflinters