dcsimg
Image of yellow flag, yellow iris
Creatures » » Plants » » Dicotyledons » » Iris Family »

Yellow Flag, Yellow Iris

Iris pseudacorus L.

Barchjeblom ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages
 src=
Sieddoas en frucht fan de Iris pseudacorus

De Barchjeblom (Iris pseudacorus) is in 80 sm oant ien meter hege ouwerplant fan swiet, stilsteand of stadich streamend wetter. De plant groeit yn ûndjip wetter dat oant sawat 30 sm djip is. De plant wurdt ek wol bargeblom, bargesnyl, earrebarreblom earrebarresnyl en floddermûtse neamd.

De lange, smelle blêden hawwe in wat opsteande middennerf en bliuwe it hiele jier grien.

De blommen binne fan maaie oant juny te sjen en binne 5 oant 12 sm yn trochsneed. De blom hat in grut grien skutblêd, trije grutte ôfhingjende blomdekslippen, en trije lytsere kroanblêden. Nei de bloei sitte de siedden as in rôltsje munten opinoar steapele yn trijekantige sieddoazen (barchjes). Dizze befetsje loftholten wêrtroch't se driuwen bliuwe. Bern boartsje faak mei de fruchten troch der lúsjefersprikjes yn te stekken om sa bisten út te byldzjen.

Fersprieding

Yn Fryslân is de barchjeblom in bekende plant by sleatten lâns en op oare sompige plakken mei ûndjip wetter. It oantal planten rûn ein 20e iuw in Nederlân slim werom, reden wêrom't de plant yn Nederlân wetlik beskerme west hat, mar no net mear.

Ekologyske aspekten

Trochdat de barchjeblom safolle fiedingsstoffen út it wetter opnimt, kin de plant bydrage oan it skjinhâlden fan it wetter.

De nektar is nochal djip weistoppe, Bijen en hommels moatte der hielendal yn krûpe om by de nektar te kommen. At de blommen hielendal ryp binne, rôlje de siedden der út. De siedden driuwe oer it wetter oant se by de wâl stykjen bliuwe en ûntkime.

Oare planten yn de omjouwing binne bygelyks de dotterblom, kalmuswoartel en bûterblêden yn de buert.

De lissnúttuorre (Mononychus punctum-album) is in lyts (3-4 mm) tuorke dat libbet fan de sappen fan de barchjeblom, de rûp libbet fan en yn de siedden.

Tunen

De barchjeblom kan in túnfivers kweekt wurde. De fiver moat dêrfoar wol grut genôch wêze, oars groeit de fiver hurd ticht en ha de planten net folle profyt fan inoar. Yn de tún kin fermeardering troch siedfoarming (siedden drûch bewarje) én troch skuorren barre.

Keppeling om utens

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Barchjeblom: Brief Summary ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages
 src= Sieddoas en frucht fan de Iris pseudacorus