dcsimg

Lytse swan ( frison occidental )

fourni par wikipedia emerging languages

De Lytse swan (Cygnus columbianus) is in 127 sm grutte fûgel út de famylje fan de Einfûgels. De fûgel is hielendal wyt en liket krekt op de Kloekswan mar is wat lytser. Der binne twa ûndersoarten fan dizze swan. De Cygnus columbianus columbianus, dy't yn Noard-Amerika foarkomt, en de Cygnus columbianus bewickii, dy't yn Jeraazje foarkomt. De ûndersoarten wurde ek noch wol sjoen as ferskillende soarten.

Cygnus columbianus bewickii

De Lytse swan briedt op de Siberyske toendra en oerwinteret by de Noardseekust en yn Grut-Brittanje. Oare groepen Lytse swannen oerwinterje by de Kaspyske See, by it Aralmar en yn East-Aazje. De fûgels fan de populaasjes yn it easten fan Ruslân, dy't yn Sina en Japan oerwinterje, wurde ek wol as in (tredde) ûndersoarte sjoen, de Cygnus columbianus jankowski.

It wyfke leit 3-4 aaien yn in bult fan plantemateriaal flakby iepen wetter.

Yn de simmer bestiet it iten meastens út wetterplanten dy't se ûnder it swimmen ite. Under de trek meie se graach gerskje yn de greiden. Wylst de swannen oerwinterjen yn de Waadsee ite se ek wol skelpdieren.

Cygnus columbianus columbianus

 src=
Cygnus columbianus columbianus

De Cygnus columbianus columbianus ferskilt yn úterlik fan de Cygnus columbianus bewickii trochdat syn snaffel hast hielendal swart is, ynstee fan swart mei giel. Dizze Lytse swan briedt op de Noard-Amerikaanske toendra yn Alaska en Kanada. De swannen oerwinterje fierder nei it suden fan Noard-Amearika. De fûgels yn it westen oerwinterje oan de westkust, fan it suden fan Alaska oant en mei Kalifornje. De eastelike populaasjes oerwinterje by de Grutte Marren of oan de eastkust fan Marylân oant en mei Florida.

It wyfke leit 4-7 aaien yn in bult fan plantenmateriaal flakby iepen wetter. It pearke bouwt it nêst en ferdigenet yn grut territorium rûnom it nest.

Yn de simmer bestiet it iten meastens út wetterplanten dy't se ûnder it swimmen ite. Yn de gebieden der't se oerwinterje gerskje se ek wol op lânbougrûn.

Sjoch ek

licence
cc-by-sa-3.0
droit d’auteur
Wikipedia auteurs en redakteuren

Lytse swan: Brief Summary ( frison occidental )

fourni par wikipedia emerging languages

De Lytse swan (Cygnus columbianus) is in 127 sm grutte fûgel út de famylje fan de Einfûgels. De fûgel is hielendal wyt en liket krekt op de Kloekswan mar is wat lytser. Der binne twa ûndersoarten fan dizze swan. De Cygnus columbianus columbianus, dy't yn Noard-Amerika foarkomt, en de Cygnus columbianus bewickii, dy't yn Jeraazje foarkomt. De ûndersoarten wurde ek noch wol sjoen as ferskillende soarten.

licence
cc-by-sa-3.0
droit d’auteur
Wikipedia auteurs en redakteuren