dcsimg

Hó͘-niau-kang ( Nan )

由wikipedia emerging languages提供

Hó͘-niau-kang (虎貓公) sī 1 chéng chhī-leng tōng-bu̍t.

許可
cc-by-sa-3.0
版權
Wikipedia authors and editors
原始內容
參訪來源
合作夥伴網站
wikipedia emerging languages

Hù-lì-mà ( 閩東語 )

由wikipedia emerging languages提供

Hù-lì-mà (狐狸貓) iâ hô̤ lā̤ hù-lì-mà-mō̤ (狐狸貓母), sê siŏh cṳ̄ng buô-ṳ̄ dông-ŭk‎, săng lā̤ chiông lòng, ngê̤ṳ diŏh ngùi-hiēng â̤ bóng pói, pói iā cháu.

Hù-lì-mà gì puòi â̤ dò̤ lā̤ có̤ mò̤-bék gì mò̤-mò̤, cī siŏh cṳ̄ng mò̤-bék hô̤ lā̤ “lòng-hô̤” (狼毫).

許可
cc-by-sa-3.0
版權
Wikipedia authors and editors
原始內容
參訪來源
合作夥伴網站
wikipedia emerging languages

Mustela sibirica ( 因特語(國際輔助語言協會) )

由wikipedia emerging languages提供

Mustela sibirica es un specie de Mustela.

Nota
許可
cc-by-sa-3.0
版權
Wikipedia authors and editors
原始內容
參訪來源
合作夥伴網站
wikipedia emerging languages

Sibearyske wezeling ( 西菲士蘭語 )

由wikipedia emerging languages提供

De Sibearyske wezeling (Latynske namme: Mustela sibirica), ek wol de kolonok neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e lytse marters (Mustela), dat foarkomt yn grutte dielen fan súdlik Sibearje en East-Aazje. Wat lichemsgrutte en jachtgedrach oanbelanget, foarmet dizze soarte in oergongsfoarm tusken de lytste marters, lykas de wezeling en de harmeling, en harren gruttere neven, lykas de murd, de steppemurd en de Jeropeeske nerts. De Sibearyske wezeling is wichtich as pelsdier, yn it bysûnder foar de fabrikaazje fan skilderkwasten.

Fersprieding

It ferspriedingsgebiet fan 'e Sibearyske wezeling strekt him út oer hiel súdlik Sibearje, fan 'e Oeral, yn it westen, oant it Russyske Fiere Easten, it eilân Sachalin ynbegrepen. Ek komt er foar yn dielen fan westlik en noardlik Mongoalje, de eastpunt fan Kazachstan en it uterste noarden fan Sinkiang-Oeigoerje, hast hiel Mantsjoerije, it Koreaanske Skiereilân, eastlik en sintraal Sina, Taiwan, de noardpunt fan Birma, it noarden fan Tailân en Laos, noardeastlik en noardlik Yndia, súdeastlik en súdlik Tibet, eastlik Nepal en Kasjmier. As eksoat is er troch de minske yntrodusearre yn súdlik Japan, dêr't er foarkomt op Kjûsjû, Sjikokû, it suden fan Honsjû en ferskate lytsere eilannen.

Uterlike skaaimerken

 src=
Fersprieding fan 'e Sibearyske wezeling (grien is lânseigen; read is eksoatysk).

It mantsje fan 'e Sibearyske wezeling hat trochinoar in kop-romplingte fan 28-39 sm, mei in sturtlingte fan 15½-21 sm en in gewicht fan 650-820 g. It wyfke is in wat lytser en in stik lichter, mei in kop-romplingte fan 25-30½ sm, in sturtlingte fan 13⅓-16⅓ sm en in gewicht fan 360-430 g. Sibearyske wezelingen hawwe, krekt as alle oare lytse marters, in lang, útrutsen lichem en koarte poaten, mar se binne steviger boud as de berchwezeling (Mustela altaica), de murd (Mustela putorius) of de wezeling (Mustela nivalis), en kinne yn grutte de Jeropeeske nerts (Mustela lutreola) suver belykje. Reuze-eksimplaren komme inkeld foar op 'e Barabasteppe fan sintraal súdlik Sibearje.

 src=
In Sibearyske wezeling yn Japan, dêr't er in eksoat is.

De winterpels fan 'e Sibearyske wezeling is tige ticht en sêft. De bisten binne ienkleurich, mar dy iene kleur kin útinoar rinne fan readokerich oant dûnkergiel. De fangen en bealch skaaie justjes ljochter út as it rêchhier. Ek de sturt is ljochter fan kleur. Op 'e kop hat de Sibearyske wezeling in dûnker, kofjebrunich masker oer de eagen hinne, wylst de lippen en it kin witich fan kleur binne.

Biotoop

Sibearyske wezelingen libje yn in ferskaat oan biotopen, fan berchtme oant steppen. Yn bercheftige kriten komme oant op in hichte fan 1.700 m foar.

Hâlden en dragen

Njonken in permaninte hoale hawwe folwoeksen Sibearyske wezelingen ferskate tydlike ûnderkommens dy't kilometers útinoar lizze kinne. Se binne net tier oangeande hokfoar plakken oft se as nêst brûke; hoalen kinne yn omfallene beamstammen sitte, ûnder beamwoartels, yn rotsspjalten of yn fertize strewelleguod. Ek brûke se wol hoalen fan oare bisten, dy't se dan fergrutsje. De sintrale nêstromte wurdt beklaaid mei fûgelfearren en kjifdierehier.

De peartiid fariëarret frijwat neigeraden de klimatologyske omstannichheden. Yn westlik Sibearje set er begjin febrewaris al útein, mar yn it Russyske Fiere Easten begjint er pas yn maart of begjin april. De pearing duorret by Sibearyske wezelingen sa'n 35 minuten, wêrnei't in draachtiid fan 38-41 dagen folget. Dan wurde der 4-10 jongen smitten, dy't blyn en hast keal te wrâld komme. Mei in pear dagen begjint de pels te groeien en mei in moanne geane de eagen iepen. Nei twa moanne wurde se ôfwûn, en tsjin ein augustus binne se folgroeid en selsstannich. De folwoeksen jongen fan datselde jier kinne fan âldere bisten ûnderskaat wurde troch har dûnkerder pels en lichtere lichemsbou. Sibearyske wezelingen hawwe in libbensferwachting fan rom 2 jier

 src=
In bûntkraach of sjaal, makke fan 'e hiele pels fan Sibearyske wezeling.

Fretten

De Sibearyske wezeling is in karnivoar, dy't him it leafst fiedt mei lytse oant middelgrutte kjifdieren, lykas wetterrotten, mûzen en wrotmûzen. Ek fluithazzen of pika's en alderhanne fûgelt steane op it menu, en pleatslik grûniikhoarntsjes, muskusrotten, reade iikhoarntsjes en jerboä's. Se ite lykwols mar komselden reptilen, fisken, lidpoatigen of planten. Sibearyske wezelingen binne aktive jagers, dy't net inkeld út mûklagen jeie, mar har proai ek aktyf hiele einen efterfolgje, troch snie, holle beamstammen, hoalen, wetter en sels minsklike wenten hinne. Yn it Fiere Easten profitearje se soms fan it wurk fan oare jagers troch ies te fretten. Yn Sina libje se ek wol yn stedske gebieten, dêr't se dan op rotten jeie.

 src=
In opset eksimplaar yn it Museum fan Soölogy, yn Sint-Petersburch.

Status

De Sibearyske wezeling hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn grutte ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. De minske hat wat in twasidige relaasje mei dizze soarte. Oan 'e iene kant is de Sibearyske wezeling fan grut belang foar it yn 'e besnijing hâlden fan 'e kjifdierepopulaasjes, dy't him oars ta in pleach ûntwikkelje soe en dy't boppedat potinsjeel alderhanne sykten ferspriede kin, mar oan 'e oare kant is er tige skealik foar de plomfee-yndustry en foar de fokkerij fan lytsere pelsdieren, lykas de muskusrôt. Sibearyske wezelingen kringe geregeldwei hinne- en dowehokken binnen en rjochtsje dêr dan in wiere slachting oan. Dêr stiet dan wer foaroer dat Sibearyske wezelingen sels ek weardefolle pelsdieren binne, en datoangeande wer wichtich foar de pelshannel. Behalven foar klean wurdt it hier fan 'e bisten fral ek brûkt om skilderkwasten fan te meitsjen, dy't benammen yn Sina ferkocht wurde en heech oanskreaun steane foar it meitsjen fan tradysjonele Sineeske kalligrafy. Yn 'e Sineeske folkloare wurde de Sibearyske wezelingen trouwens beskôge as omdoarmjende geasten (shen), dy't minskene sielen stelle en ferfange kin.

 src=
De Birmeeske kolonok.

Opsomming fan ûndersoarten

Der binne 11 (stân fan saken yn 2005) erkende ûndersoarten fan 'e Sibearyske wezeling:

  • de Birmeeske kolonok (Mustela sibirica moupinensis), yn súdlik Sina (Sichuan, Gansu en Yunnan) en noardlik Birma
  • de Djedjûaanske kolonok (Mustela sibirica quelpartis), op it Súdkoreaanske eilân Djedjû
  • de Fiereastlike kolonok (Mustela sibirica manchurica), yn it Russyske Fiere Easten en eastlik Mantsjoerije
  • de Himalayakolonok (Mustela sibirica subhemachalana), 'e eastlike Himalaya, fan Nepal oant Bûtan
  • de hodgsonkolonok of Hodgsons kolonok (Mustela sibirica hodgsoni), yn Kasjmier, súdlik Tibet en de westlike Himalaya
  • de Koreaanske kolonok (Mustela sibirica coreanus), yn Koreä
  • de Mantsjoerijske kolonok (Mustela sibirica charbinensis), yn Mantsjoerije
  • de Noardsineeske kolonok (Mustela sibirica fontanierii), yn noardlik en sintraal Sina en Shandong
  • de Sibearyske kolonok (Mustela sibirica sibirica), yn súdlik Sibearje en dielen fan Mongoalje, Kazachstan, Sinkiang-Oeigoerje en noardeastlik Sina
  • de Taiwaneeske kolonok (Mustela sibirica davidiana), op Taiwan en yn súdeastlik Sina
  • de Tibetaanske kolonok (Mustela sibirica canigula), yn súdeastlik Tibet

Boarnen, noaten en referinsjes

許可
cc-by-sa-3.0
版權
Wikipedia auteurs en redakteuren
原始內容
參訪來源
合作夥伴網站
wikipedia emerging languages

Sibearyske wezeling: Brief Summary ( 西菲士蘭語 )

由wikipedia emerging languages提供

De Sibearyske wezeling (Latynske namme: Mustela sibirica), ek wol de kolonok neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e lytse marters (Mustela), dat foarkomt yn grutte dielen fan súdlik Sibearje en East-Aazje. Wat lichemsgrutte en jachtgedrach oanbelanget, foarmet dizze soarte in oergongsfoarm tusken de lytste marters, lykas de wezeling en de harmeling, en harren gruttere neven, lykas de murd, de steppemurd en de Jeropeeske nerts. De Sibearyske wezeling is wichtich as pelsdier, yn it bysûnder foar de fabrikaazje fan skilderkwasten.

許可
cc-by-sa-3.0
版權
Wikipedia auteurs en redakteuren
原始內容
參訪來源
合作夥伴網站
wikipedia emerging languages

Кăлнăк ( 楚瓦什語 )

由wikipedia emerging languages提供
 src=
Кăлнăк

Кăлнăксăсар йышне кĕрекен чĕрчун. Кĕлетки 30 см яхăн. Хӳри 15 см майлă. Кăлнăк сунара каçхине тухать. Ытларах кăшлакансемпе тăранса пурăнать, вĕçенкайăксене, çăмартисемпе чĕпписене çиет, пулă тытать. Хăш чухне шапа тытнине те асăрхама пулать. Сайра-хутра мулкача тапăнни те пулать. Çуллахи вăхăтра кăлнăк апатне çĕр çинче шырать, хĕлле вара, ытларах, шăшисене шыраса юр айĕн çӳрет. Йăвине кăлнăк тунката е çапă айне тăвать. Шăтăк тарăнăшĕ 1 метра çитет. Кăлнăксем нарăс-пуш уйăхĕсене пĕтĕçленеççĕ. Ами çу уйăх пуçламăшĕнче 4-10 çура тăвать. Пирĕн тăрăхра кăлнăк йышĕ пысăк.

Каçăсем

許可
cc-by-sa-3.0
版權
Wikipedia authors and editors
原始內容
參訪來源
合作夥伴網站
wikipedia emerging languages

Кăлнăк: Brief Summary ( 楚瓦什語 )

由wikipedia emerging languages提供
 src= Кăлнăк

Кăлнăк — сăсар йышне кĕрекен чĕрчун. Кĕлетки 30 см яхăн. Хӳри 15 см майлă. Кăлнăк сунара каçхине тухать. Ытларах кăшлакансемпе тăранса пурăнать, вĕçенкайăксене, çăмартисемпе чĕпписене çиет, пулă тытать. Хăш чухне шапа тытнине те асăрхама пулать. Сайра-хутра мулкача тапăнни те пулать. Çуллахи вăхăтра кăлнăк апатне çĕр çинче шырать, хĕлле вара, ытларах, шăшисене шыраса юр айĕн çӳрет. Йăвине кăлнăк тунката е çапă айне тăвать. Шăтăк тарăнăшĕ 1 метра çитет. Кăлнăксем нарăс-пуш уйăхĕсене пĕтĕçленеççĕ. Ами çу уйăх пуçламăшĕнче 4-10 çура тăвать. Пирĕн тăрăхра кăлнăк йышĕ пысăк.

許可
cc-by-sa-3.0
版權
Wikipedia authors and editors
原始內容
參訪來源
合作夥伴網站
wikipedia emerging languages

Кызыл күсөн ( 吉爾吉斯語 )

由wikipedia emerging languages提供
 src=
Кызыл күсөн.
Siberian Weasel area.png

Кызыл күсөн (лат. Mustela sibirica) - суусарлар тукумундагы териси баалуу майда жырткыч айбандардын бир түрү.

Колдонулган адабияттар

許可
cc-by-sa-3.0
版權
Wikipedia жазуучу жана редактор
原始內容
參訪來源
合作夥伴網站
wikipedia emerging languages

साइबेरियाली मलसाँप्रो ( 尼泊爾語 )

由wikipedia emerging languages提供

साइबेरियाली मलसाँप्रो नेपालमा पाइने एक प्रकारको जनावर हो ।

सन्दर्भ सामाग्री

सन्दर्भ सूची

  1. Duckworth, J.W. & Abramov, A. (2008). Mustela sibirica. In: IUCN 2008. IUCN Red List of Threatened Species. Downloaded on 14 January 2009.
許可
cc-by-sa-3.0
版權
विकिपेडिया लेखक र सम्पादकहरू
原始內容
參訪來源
合作夥伴網站
wikipedia emerging languages

साइबेरियाली मलसाँप्रो: Brief Summary ( 尼泊爾語 )

由wikipedia emerging languages提供

साइबेरियाली मलसाँप्रो नेपालमा पाइने एक प्रकारको जनावर हो ।

許可
cc-by-sa-3.0
版權
विकिपेडिया लेखक र सम्पादकहरू
原始內容
參訪來源
合作夥伴網站
wikipedia emerging languages