dcsimg

Streptomyces ( Batı Frizcesi )

wikipedia emerging languages tarafından sağlandı

Streptomyces binne it grutste skaai fan Actinobacteria en in skaai fan de famylje Streptomycetaceae.[1] Mear as 500 soarten fan Streptomyces-baktearjes binne beskreaun.[2] Krekt as by de oare Actinobaktearjes, binne streptomycetes Gram-posityf, en hawwe genomen mei in hege GC-ynhâld.[3] Se wurde meast fûn yn de grûn en by ferwyldere plantegroei, de measte streptomyceten produsearje spoaren, en binne ferneamd om har grûnige rook dy’t fan de produksje fan in flechtich metabolyt komt.

Streptomycetes wurde skaaimerke troch in komplekse sekundêre stofwiksel.[3] Se produsearje mear as twa-tredde fan de klinysk brûkbere antibiotika fan natuerlik komôf (bgl, neomycine, cypemycine, grisemycine, bottromycins en Gloaramfenikol).[4][5] It no net mear algemien brûkte streptomycine ûntlient syn namme daliks oan Streptomyces. Streptomycetes binne ynfrekwinte sykteferwekkers, mar ynfeksjes by minsken, lykas mycetoma, kinne feroarsake wurde troch Streptomyces somaliensis en Streptomyces sudanensis, en yn planten troch Streptomyces caviscabies, Streptomyces acidiscabies, Streptomyces turgidiscabies en Streptomyces scabies.

Taksonomy

Streptomyces is it type skaai fan de famylje Streptomycetaceae[6] en omfiemet tsjintwurdich sa’n 576 soarten dêr’t alle jierren guon bykomme.[7] Acidophilic en acid-tolerante dy’t earst yndield wiene by dit skaai binne letter ferpleatst nei Kitasatospora (1997) [8] en Streptacidiphilus (2003).[9] De nomeklatuer fan soarten is meastal basearre op harren kleur fan skimmeltriedden en spoaren.

Saccharopolyspora erythraea waard foarhinne yn dit skaai pleatst (as Streptomyces erythraeus).

Morfology

It skaai Streptomyces omfiemet aerobic, Gram-positive, triedderige baktearjes dy’t goed ûntwikkele fegetative skimmeltriedden meitsje (tusken 0.5-2.0 µm yn trochsneed) mei ôftakkings. Se foarmje in kompleks mycelium substraat dat helpt by it ferwiderjen fan organyske ferbinings út har substraten.[10] Hoewol't de mycelia en de antennes fan de skimmeltriedden dy't dêrút ûntsteane net mobyl binne, wurdt mobiliteit berikt troch fersprieding fan spoaren.[10] Spoare-oerflakken kinne hierrich, ploaid, rûch, glêd, stikelich of fettich wêze.[11] By guon soarten besteane de antennes út lange, rjochte teisters, dy’t mear as 50 spoaren drage yn min ofte mear geregelde ynterfallen, rangskikt yn krânsen. Eltse tûke fan in harpe produsearret, yn syn top, in skerm dat fan twa oant ferskate keatlingen fan balfoarmige oant elipsfoarmige, glêde of ploaide spoaren draacht.[10] Guon stammen foarmje koarte keatlingen fan spoaren op substrate skimmeltriedden. Sclerotia-, pycnidia-, sporangia-, en synnemata-lykjende struktueren wurde produsearre troch guon stammen.

Genomika

De folsleine genoom fan "Streptomyces coelicolor stamme A3(2)” waard publisearre yn 2002.[12] Doe waard tocht dat it "S. coelicolor" genoom it grutste tal genen fan alle baktearjes hie.[12] De gromosoom is 8,667,507 bp lang mei in GC-ynhâld fan 72.1%, en befettet nei ferwachting 7,825 aaiwyt-kodearjende genen.[12] Yn taksonomyske termen heart "S. coelicolor A3(2)" by de soarte Streptomyces violaceoruber, en is it gjin jildige ôfsûnderlike beskreaune soarte; "S. coelicolor A3(2)" moat net betize wurde mei de echte Streptomyces coelicolor (Müller), hoewol’t er foar it gemak gauris oantsjutten wurdt as S. coelicolor[13]

De earste folsleine genoom fan S. avermitilis waard foltôge 2003.[14] Elts fan dy genomen foarmet in gromosoom mei in lineêre struktuer, yn tsjinstelling ta de measte bakteariële genomen, dy't bestean yn 'e foarm fan sirkelfoarmige gromosomen.[15]

De genoomsekwinsje fan S. scabies, in lid fan it skaai dat skurft by ierdappels feroarsaakje kin, is bepaald oan it Wellcome Trust Sanger Ynstitút. Mei 10.1 Mbp lang en kodearring foar 9.107 foarriedige genen, is it de grutst bekende Streptomyces genoomsekwinsje.[16]

Biotechnology

Yn de ôfrûne jierren begûnen biotechnology-ûndersikers Streptomyces-soarten te brûken foar heterologe ekspresje fan aaiwiten. Tradysjoneel namen se Escherichia coli foar kar om Eukaryoate genen mei út te drukken, omdat se dat goed yn de macht hiene en it maklik wie om mei te wurkjen. [17][18] It útdrukken fan eukaryoate aaiwiten yn E. coli kin problematysk wêze. Inkeld teare de aaiwiten net goed, wat liede kin ta ûnoplosberens, ôfsetting yn ynslutingslichems en ferlies fan bio-aktiviteit fan it produkt. [19] Hoewol't E. coli stammen ôfskiedingsmeganismen hawwe, binne dy net effisjint genôch en resultearje se yn ôfskieding yn de peryplasmatyske romte, wylst ôfskieding troch in Gram-positive baktearje, lykas in Streptomyces soarte, resultearret yn ôfskieding daliks yn it ekstrasellulêre medium. Dêrnjonken hawwe Streptomyces soarten effisjintere ôfskiedingsmeganismen as E.coli. De eigenskippen fan it sekreesjesysteem binne in foardiel foar yndustriële produksje fan heterologysk útdrukt aaiwyt omdat it de folgjende suveringsstappen makliker makket en de opbringst ferheegje kin. Under oare dizze eigenskippen meitsje Streptomyces spp. ta in oantreklik alternatyf foar oare baktearjes lykas E. coli and Bacillus subtilis. [19]

Plantpatogene baktearjes

Oant no ta hat bliken dien dat tsien soarten út dit skaai patogeen foar planten binne:[7]

  1. S. scabiei
  2. S. acidiscabies
  3. S. europaeiscabiei
  4. S. luridiscabiei
  5. S. niveiscabiei
  6. S. puniciscabiei
  7. S. reticuliscabiei
  8. S. stelliscabiei
  9. S. turgidiscabies (skurft yn ierdappels)
  10. S. ipomoeae (weakrot yn swiete ierdappels)

Eksterne links

Boarnen, noaten en referinsjes

lisans
cc-by-sa-3.0
telif hakkı
Wikipedia auteurs en redakteuren

Streptomyces: Brief Summary ( Batı Frizcesi )

wikipedia emerging languages tarafından sağlandı

Streptomyces binne it grutste skaai fan Actinobacteria en in skaai fan de famylje Streptomycetaceae. Mear as 500 soarten fan Streptomyces-baktearjes binne beskreaun. Krekt as by de oare Actinobaktearjes, binne streptomycetes Gram-posityf, en hawwe genomen mei in hege GC-ynhâld. Se wurde meast fûn yn de grûn en by ferwyldere plantegroei, de measte streptomyceten produsearje spoaren, en binne ferneamd om har grûnige rook dy’t fan de produksje fan in flechtich metabolyt komt.

Streptomycetes wurde skaaimerke troch in komplekse sekundêre stofwiksel. Se produsearje mear as twa-tredde fan de klinysk brûkbere antibiotika fan natuerlik komôf (bgl, neomycine, cypemycine, grisemycine, bottromycins en Gloaramfenikol). It no net mear algemien brûkte streptomycine ûntlient syn namme daliks oan Streptomyces. Streptomycetes binne ynfrekwinte sykteferwekkers, mar ynfeksjes by minsken, lykas mycetoma, kinne feroarsake wurde troch Streptomyces somaliensis en Streptomyces sudanensis, en yn planten troch Streptomyces caviscabies, Streptomyces acidiscabies, Streptomyces turgidiscabies en Streptomyces scabies.

lisans
cc-by-sa-3.0
telif hakkı
Wikipedia auteurs en redakteuren