dcsimg

Brún blaujurkje ( Frísio Ocidental )

fornecido por wikipedia emerging languages

It Brún Blaujurkje (“Aricia agestis”) is in flintersoarte yn it skaai fan de Aricia.

Foarkommen

It Brún Blaujurkje fljocht as it waarm is. Se komme foar op greiden, heiden en yn de dunen. Somtiden kommen se yn grutte oantallen foar. Se komme it meast foar yn sintraal en súd Jeropa. Se komme fan seenivo oant wol ta 1700 meter hichte foar.

Op de reade list stiet de flinter as gefoelich.

Flinter

De wjuklingte is ûngefear 24 mm. Oft it no in wyfke of in mantsje is dreech om te sjen. Dochs hawwe wyfkes oan it út einde fan de wjukken in lyts bytsje blau. Foar de rest binne de flinter brún. Oan de binnenkant hawwe de wjukken op it útein giele streekjes en der wer nei wyt. Oan de bûtenkant fan de wjukken hat de flinter reade stipkes yn in bôchje mei ferskillende swarte plakken op de wjukken. De flinter hat gjin sturt.

Fleantiid

De flinter fleant yn ferskillende generaasjes troch. Se fleane fan maaie oant oktober.

Rûp

De aaikes leit de flinter op de Lytse Granium en op de earrebarrebek soarten. De rûp fret op de ûnderkant in oantal lagen fan it blêd of. Letter frette se it hiele blêd op. De rûp oerwinteret as healwaaks rûp yn 'e struisellaach op de grûn.

Sjoch ek

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Wikipedia auteurs en redakteuren
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Brún blaujurkje: Brief Summary ( Frísio Ocidental )

fornecido por wikipedia emerging languages

It Brún Blaujurkje (“Aricia agestis”) is in flintersoarte yn it skaai fan de Aricia.

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Wikipedia auteurs en redakteuren
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages