dcsimg

Beverrôt ( Frísio Ocidental )

fornecido por wikipedia emerging languages

De beverrôt (Latynske namme: Myocastor coypus), ek wol nutria neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e beverrotten (Myocastoridae) en it skaai fan 'e echte beverrotten (Myocastor). It is de iennichste noch libbene soarte út syn skaai en syn famylje, en it is lânseigen yn 'e súdlike helte fan Súd-Amearika. As pelsdier is de beverrôt yntrodusearre yn grutte dielen fan 'e rest fan 'e wrâld, dêr't er no as eksoat libbet. Ek yn Nederlân (en Fryslân) komt dit bist op plakken rûnom foar.

Fersprieding

Algemien foarkommen

 src=
It lânseigen ferspriedingsgebiet fan 'e beverrôt yn Súd-Amearika.

De beverrôt is lânseigen yn 'e koelere en subtropyske dielen fan Súd-Amearika, wat rûchwei delkomt op 'e súdlike helte fan dat kontinint. Syn ferspriedingsgebiet omfiemet dêr hiel Argentynje, Sily, Oerûguay en Paraguay, it súdlike trêdepart fan Bolivia, súdlik Brazylje en it uterste súdlike puntsje fan Perû. Yn súdlik Súd-Amearika ûntbrekt de beverrôt inkeld op Fjoerlân en de Falklâneilannen.

Begjin tweintichste iuw binne beverrotten troch de minske yn grutte dielen fan 'e wrâld ynfierd foar de pelsdierfokkerij. Untsnapte eksimplaren hawwe har dêr neitiid yn it wyld nei wenjen set, en om't beverrotten har tige goed oanpasse kinne, binne der op dy manear wylde populaasjes ûntstien op in protte plakken dêr't dit bist net thúsheart. Yn Noard-Amearika is dat bgl. it gefal yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsjes Britsk-Kolumbia en Ontario en op it skiereilân fan Nij-Skotlân, en teffens yn 'e Amerikaanske steaten Washington, Oregon, Kolorado, Nij-Meksiko, Teksas, Louisiana, Arkansas, Mississippy, Alabama, Georgia, Floarida, Tennessee, Noard-Karolina, Firginia, Marylân en Delaware. Yn Kalifornje en Indiana is dit bist ûnderwilens útrûge.

Yn Afrika bestiet yn elts gefal in wylde populaasje beverrotten yn súdeastlik Kenia, en mooglik yn mear lannen, wylst beverrotten yn Aazje yn Japan en dielen fan 'e eardere Sovjet-Uny libje (benammen Sibearje en Kazachstan). Yn Jeropa komt de beverrôt as eksoat foar yn hast alle lannen tusken de Oeral en de Atlantyske Oseaan, útsein op it Ibearysk Skiereilân, dêr't er him (noch) net hinne ferspraat hat, Skandinaavje en Ierlân, dêr't er op natuerlike wize útstoarn is, en it Feriene Keninkryk, dêr't er útrûge is. It is ûndúdlik oft er him ek ferspraat hat nei de grutte eilannen yn 'e Middellânske See, lykas Sisylje, Sardynje en Korsika.

 src=
In beverrôt yn 'e dieretún fan it Kroätyske Zagreb.

Foarkommen yn Nederlân en Fryslân

Yn Nederlân komt de beverrôt sûnt 1935 yn it wyld foar, en sûnt de sluting fan in grut tal pelsdierfokkerijen yn 'e jierren fyftich sels yn frij grutte populaasjes. Beverrotten binne benammen konsintrearre by de Maas en syn sydrivieren lâns yn Limburch; yn Westerwâlde en de Feankoloanjes fan eastlik Grinslân; en by de Ryn lâns yn eastlik Gelderlân. Lytsere konsintraasjes komme foar yn Twinte, by de Isel lâns, yn 'e Biisbosk, op 'e Peel en op Skouwen-Duvelân. Yn Fryslân komme beverrotten sporadysk foar. Sa is harren oanwêzigens yn it ferline fêststeld yn 'e Tsjongerdelling by Skoattersyl, yn 'e Lindedelling besuden Wolvegea, oan 'e Iselmarkust by Aldemardum en Hylpen, en yn it Lauwersmargebiet. Yn jannewaris 2018 waard in mânske mantsjesbeverrôt fan 8½ kg fongen en deade yn 'e neite fan Goaiïngahuzen.[1]

Uterlike skaaimerken

De beverrôt hat trochinoar in kop-romplingte fan 42-65 sm, mei in sturtlingte fan 30-45 sm en in gewicht fan 4-8 (oant yn ekstreme gefallen 12) kg. It is in grut plotsk kjifdier dat kwa foarm fan it lichem en de kop tige oan 'e bever tinken docht (dêrfandinne syn namme), mar hy is in stik lytser en hat gjin brede platte, mar in tinne rûne sturt, dy't lichtsjes behierre is. De tichte pels is op 'e rêch giel- oant dûnkerbrún en op 'e bealch wat ljochter, wylst it ûnderhier grizich is. Beverrotten hawwe lange wite snorhierren; dat is in oar ferskil mei de bever, dy't hielendal net oer snorhierren beskikt. Tusken fjouwer fan 'e fiif teannen oan 'e efterpoaten sitte swimfluezzen. De brede kjiftosken binne by de mantsjes dûnkeroranjekleurich, en by de wyfkes ljochtoranje. De wyfkes hawwe fjouwer of soms fiif pear oeren, dy't frij heech oan 'e sydkant fan it lichem sitte, sadat de jongen yn it wetter by har drinke kinne.

 src=
Mantsjebeverrotten ken men werom oan har dûnkeroranje kjiftosken.

Biotoop

Beverrotten kinne net sûnder wetter, as dat no stilsteand of streamend is. Dêrby jouwe se sterk de foarkar oan wetters mei in opgeande wâlfegetaasje, lykas âlde rivierlopen, klaaiputten, grintgatten, moerassen en lytse rivierkes en beken. Yn Súd-Amearika komt de beverrôt ek by sâlt wetter foar.

Hâlden en dragen

Beverrotten binne fral yn 'e skimer aktyf, mar ek wol nachts en soms oerdeis. Hoewol't se har op it drûge mar stadich waggeljend fuortbewege, binne se yn it wetter treflike en elegante swimmers, dy't by it dûken wol 5 minuten ûnderbliuwe kinne. Soms wurde swimmende beverrotten oansjoen foar otters. De beverrôt hat in aksjeradius fan trochinoar sa'n 200 m, al kin dy oan 'e wetterkant noch oanmerklik grutter wêze. Op it drûge weaget er him mar sa'n 50 m fan syn nêst ôf.

 src=
In beverrôt yn ûndjip wetter.

De beverrôt graaft djippe hoalen mei in trochsnee fan 20-25 sm, dy't besteane út 5-10 gongen en ferskate keamers. Soms wurdt dêrby in muskusrottehoale oernommen en oanpast. De yngongen lizze fuort op of justjes boppe it wetteroerflak, wylst saneamde flechtgongen nei boppen ta liede en op beskutte plakken op 'e grûn útkomme. By strange kjeld wurde de gongen fan 'e hoale tichtstoppe mei planteguod. As de wâlen net steilernôch binne, lizze beverrotten ynstee platte, mei blêden en tûken beklaaide nêsten op 'e wâl oan, dy't legers neamd wurde en in trochsnee fan 45-55 sm hawwe. Soms binne sokke legers op in beskate ôfstân fan it wetter sitewearre.

Ite dogge beverrotten ornaris sittend op 'e efterpoaten, wylst se mei de foarpoaten har miel beethâlde. It binne frij sosjale bisten, dy't yn famyljegroepen libje wêryn't de wyfkes de tsjinst útmeitsje. Aldere eksimplaren, oan 'e oare kant, libje gauris solitêr. Der bestiet gjin spesifike peartiid, en sadwaande fynt de fuortplanting it hiele jier rûn plak, wat in skaaimerk is fan 'e oarsprong fan dizze soarte yn subtropysk Súd-Amearika. Nei in draachtiid fan 4½ moanne smite de wyfkes 1-2 kear jiers in nêst fan 2-13 jongen, dy't by de berte al in pels hawwe en frijwol daliks it nêst ferlitte kinne. Mei 6-8 wiken wurde se ôfwûn, en mei 2-4 moannen binne de wyfkes al geslachtsryp. By de mantsjes duorret dat oant 6 moannen.

 src=
In beverrôt oan it miel.

De maksimale libbensferwachting is by beverrotten sa'n 8 jier, mar yn 'e regel wurde se net âlder as in jier as 3. Yn strange winters hawwe beverrotten faak te lijen fan befriezingsferskynsels oan harren tinbehierre sturt, dy't ta ynfeksje liede kin mei de dea ta gefolch. Dat ferskynsel hat deryn resultearre dat beverrotten yn ferskate kâlde gebieten op natuerlike wize (sûnder dat minsklik yngripen nedich wie) útstoarn binne, wêrûnder de Skandinavyske lannen en de Amerikaanske steaten Idaho, Montana en Nebraska.

Fretten

Beverrotten binne fierhinne herbivoar, mei in dieet dat ôfhinklik is fan 'e tiid fan 't jier. Winterdeis ite se woartelstokken en bast fan wylgen en elzen; maityds jonge reidspruten; en simmerdeis gers en blêden en fruchten fan wetterplanten. Dêrnjonken litte se ek lânbougewaaksen net stean, en meie se benammen graach maïs, koal en knolplanten. Hjerstmis skeakelje se oer op jirpels en sûkerbiten. Behalven poer plantaardich guod frette se soms ek wol swietwettermoksels.

 src=
In swimmende beverrôt.

Status

De beverrôt hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn lânseigen ferspriedingsgebiet yn Súd-Amearika noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Hoewol't dizze soarte yn Noard-Amearika, Jeropa, Afrika en Noard-Aazje as in eksoat beskôge en dêrom faak bestriden wurdt, rjochtsje beverrotten folle minder graafskea oan as de muskusrôt, in oare eksoat. Folle slimmer is harren oanfretten fan lânbougewaaksen, dy't fral yn perselen dy't deun tsjin wetterrinnen oan lizze, tige grut wêze kin.

Yn Limburch wurdt dêrom sûnt 1973 besocht om 'e beverrôt út te rûgjen, mar oant no ta sûnder súkses. Wol is it sa dat de stân fan 'e beverrôt yn Nederlân troch syn oanpassingsproblemen oan strange winters troch de natoer sels regulearre wurdt. Fral yn 'e tachtiger jierren waard dêrtroch de populaasje beheind holden, mar trochdat de winters sûnt almar waarmer wurden binne, kinne hieltyd mear beverrotten yn Nederlân oerlibje. It oanfretten fan lânbougewaaksen troch beverrotten kin trouwens op frij ienfâldige wize beheind wurde troch gewaakskar of ôffreding, mei it each op it feit dat de bisten har net fierder as 50 m fan it wetter ôf weagje.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Wikipedia auteurs en redakteuren
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Beverrôt: Brief Summary ( Frísio Ocidental )

fornecido por wikipedia emerging languages

De beverrôt (Latynske namme: Myocastor coypus), ek wol nutria neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e beverrotten (Myocastoridae) en it skaai fan 'e echte beverrotten (Myocastor). It is de iennichste noch libbene soarte út syn skaai en syn famylje, en it is lânseigen yn 'e súdlike helte fan Súd-Amearika. As pelsdier is de beverrôt yntrodusearre yn grutte dielen fan 'e rest fan 'e wrâld, dêr't er no as eksoat libbet. Ek yn Nederlân (en Fryslân) komt dit bist op plakken rûnom foar.

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Wikipedia auteurs en redakteuren
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Koypu ( Suaíli )

fornecido por wikipedia emerging languages

Koypu (kutoka Kimapuche: koypu) au panya-mito (kutoka Kiingereza: river rat) ni mnyama mgugunaji mkubwa kiasi na spishi pekee ya familia Myocastoridae. Kinyume na jina lake “panya-mito” mnyama huyu si panya wa kweli, kwa sababu panya ni wana wa familia Muridae. Koypu wanatokea Amerika ya Kusini kwa asili lakini wamewasilishwa sasa katika Amerika ya Kaskazini, Ulaya, Asia na Afrika, na wafugaji wa wanyama-sufu hasa. Sikuhizi Kenya ni nchi pekee katika Afrika ambapo wanaendelea kuishi porini. Hata kama wanaendelea kutathminiwa kwa ajili ya sufu yao, katika nchi nyingi wanafikiriwa kama spishi mvamizi kwa sababu ya mwenendo wake mharibifu wa kula na kuchimba.

Koypu anafanana na biva mdogo lakini mkia wake si mpana. Urefu wake ni sm 40-60 na mkia wa sm 30-45. Uzito ni kg 5-9. Wana meno ya mbele makubwa yenye rangi ya machungwa. Manyoya yake ni mazito na magumu yenye rangi ya kahawia lakini malaika yake meupe ni laini. Ana doa jeupe puani. Miguu ya nyuma ina ngozi kati ya vidole. Chuchu za jike zipo mbavuni ili kunyonyesha watoto wakati jike yupo majini. Wanyama hawa huishi katika matundu kando ya maji na hula mimea ya maji. Humeza chakula sawa na 25% ya uzito wao lakini hupoteza takriban 90% ya uoto wakila[1].

Marejeo

  1. Grace, James B.; Marx, B.D.; Taylor K.L. The effects of herbivory on neighbor interactions along a coastal marsh gradient. American Journal of Botany, Volume 84, Number 5 (Mei 1997), pp. 709-715.

Soma pia

  • Sandro Bertolino, Aurelio Perrone, and Laura Gola (2005) Effectiveness of coypu control in small Italian wetland areas. Wildlife Society Bulletin 33 (2): 714–72.
  • Carter, Jacoby and Billy P. Leonard (2002) A Review of the Literature on the Worldwide Distribution, Spread of, and Efforts to Eradicate the Coypu (Myocastor coypus). Wildlife Society Bulletin 30 (1): 162–175.
  • Carter, J., A.L. Foote, and L.A. Johnson-Randall (1999) Modeling the effects of nutria (Myocastor coypus) on wetland loss. Wetlands 19(1): 209-219.
  • Lauren E. Nolfo-Clements (2006) Seasonal variations in habitat availability, habitat selection, and movement patterns of Myocastor coypus on a subtropical freshwater floating marsh. (Dissertation) Tulane University. New Orleans. ISBN 0-542-60916-9
  • Sheffels, Trevor and Mark Systma (2007) Report on Nutria Management and Research in the Pacific Northwest Center for Lakes and Reservoir Environmental Sciences and Resources, Portland State University. Available on-line: [1]

Viungo vya nje

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Waandishi wa Wikipedia na wahariri
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Koypu: Brief Summary ( Suaíli )

fornecido por wikipedia emerging languages

Koypu (kutoka Kimapuche: koypu) au panya-mito (kutoka Kiingereza: river rat) ni mnyama mgugunaji mkubwa kiasi na spishi pekee ya familia Myocastoridae. Kinyume na jina lake “panya-mito” mnyama huyu si panya wa kweli, kwa sababu panya ni wana wa familia Muridae. Koypu wanatokea Amerika ya Kusini kwa asili lakini wamewasilishwa sasa katika Amerika ya Kaskazini, Ulaya, Asia na Afrika, na wafugaji wa wanyama-sufu hasa. Sikuhizi Kenya ni nchi pekee katika Afrika ambapo wanaendelea kuishi porini. Hata kama wanaendelea kutathminiwa kwa ajili ya sufu yao, katika nchi nyingi wanafikiriwa kama spishi mvamizi kwa sababu ya mwenendo wake mharibifu wa kula na kuchimba.

Koypu anafanana na biva mdogo lakini mkia wake si mpana. Urefu wake ni sm 40-60 na mkia wa sm 30-45. Uzito ni kg 5-9. Wana meno ya mbele makubwa yenye rangi ya machungwa. Manyoya yake ni mazito na magumu yenye rangi ya kahawia lakini malaika yake meupe ni laini. Ana doa jeupe puani. Miguu ya nyuma ina ngozi kati ya vidole. Chuchu za jike zipo mbavuni ili kunyonyesha watoto wakati jike yupo majini. Wanyama hawa huishi katika matundu kando ya maji na hula mimea ya maji. Humeza chakula sawa na 25% ya uzito wao lakini hupoteza takriban 90% ya uoto wakila.

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Waandishi wa Wikipedia na wahariri
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Kyja ( Guarani )

fornecido por wikipedia emerging languages

Kyja (Myocastor coypus) ha'e peteĩ mymba okambúva ha oñapi'ũva oiko Ñembyamérikape, opaichagua tenda y no'õva rupi. Yvypóra oipuru kyja ro'o ojapo hag̃ua hembi'urã ha ipire ojapo hag̃ua hembipuru opaichagua, upévare ojesaite'o opa Yvýpe. Ko mymba oikomeméva ysyry, ypa ha yno'õvu rupi. Ho'u opaichagua yva ha ka'avo.

Yvypóra omoĩ va'ekue ko mymba oparupi, noimevéintema Ñembyamérikape, ojeikuaa ko mymba ha'e hína mymba jasurúva heta tetãme ha mymba ombyaíva heta tetã ambuéva hekoha tee.[1]

Ipohýikue 4 amo 10 kilogarámo hína. Hete pukukue ohupyty 40 amo 60 cm hína, ha huguái ohupyty 30 amo 45 cm, ipuku ha ipire pira ipiréicha.[2][3][4] Hague marrõite ha overamíva, hesa ha inambi imichĩva.

Ko mymba henda tee hína tetã Arhentína, Chíle, Paraguái, Pindoráma, Uruguái ha Vorívia. Hákatu ko'ãga oiko oparupi Yvateamérikape, Hapõme ha Európape.

Ehecha avei

Mandu'apy

  1. Lowe, S., M. Browne, S. Boudjelas, M. De Poorter (2004). «100 de las especies exóticas invasoras más dañinas del mundo. Una selección del Global Invasive Species Database». Aliens (12): pp. 12. http://www.issg.org/database/species/reference_files/100Spanish.pdf. Consultado el 26 de septiembre de 2010.
  2. Capel-Edwards, M. (1967). Foot-and-mouth disease in Myocastor coypus. Journal of comparative pathology, 77(2), 217-221.
  3. Doncaster, C. P., & Micol, T. (1990). Response by coypus to catastrophic events of cold and flooding. Ecography, 13(2), 98-104.
  4. Hillemann, H. H., Gaynor, A. I., & Stanley, H. P. (1958). The genital systems of nutria (Myocastor coypus). The Anatomical Record, 130(3), 515-531.

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Wikipedia authors and editors
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Kyja: Brief Summary ( Guarani )

fornecido por wikipedia emerging languages

Kyja (Myocastor coypus) ha'e peteĩ mymba okambúva ha oñapi'ũva oiko Ñembyamérikape, opaichagua tenda y no'õva rupi. Yvypóra oipuru kyja ro'o ojapo hag̃ua hembi'urã ha ipire ojapo hag̃ua hembipuru opaichagua, upévare ojesaite'o opa Yvýpe. Ko mymba oikomeméva ysyry, ypa ha yno'õvu rupi. Ho'u opaichagua yva ha ka'avo.

Yvypóra omoĩ va'ekue ko mymba oparupi, noimevéintema Ñembyamérikape, ojeikuaa ko mymba ha'e hína mymba jasurúva heta tetãme ha mymba ombyaíva heta tetã ambuéva hekoha tee.

Ipohýikue 4 amo 10 kilogarámo hína. Hete pukukue ohupyty 40 amo 60 cm hína, ha huguái ohupyty 30 amo 45 cm, ipuku ha ipire pira ipiréicha. Hague marrõite ha overamíva, hesa ha inambi imichĩva.

Ko mymba henda tee hína tetã Arhentína, Chíle, Paraguái, Pindoráma, Uruguái ha Vorívia. Hákatu ko'ãga oiko oparupi Yvateamérikape, Hapõme ha Európape.

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Wikipedia authors and editors
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Meymûna avî ( Curdo )

fornecido por wikipedia emerging languages

Meymûna avî, cirdonê çeman[2] an koypû (Myocastor coypus), cureyekî kojerên avî ku di avê şêrîn wek çem, gol û robaran dijî ne. Meymûna avî cureyekî tenê ku ji famîleya meymûnên avî (Myocastoridae) mayî ye.

Taksonomî

Çar binecureyên meymûna avî hatine danasîn.

Şayes

 src=
Kilox

Meymûna avî nola cirdonekî girs e an kundûzê ( kojerekî avî ye) xuya dike bi dûvikek glover û biçûk ku qasî 30-45 cm dirêj e. Giraniya meymûna avî ya mezin qasî 5-9 kg û dirêjiya wê 40-60 cm. Rengê kurkê meymûna avî qehweyî tarî ye û rengê binekurkê gewrê vekirî ye. Pînek spî ser bêvila wê xuya dike. Meymûna avî bi lingên paşîn torre kirî ne û diranên pirtqalî mezin tê nasîn.

Belavbûn û jîngeh

Meymûna avî li hinek welatên parzemînên Afrîka, Amerîkayê Başûr, Amerîkayê Bakur û Ewropayê tê dîtin. Meymûna avî di avê şêrîn wek çem, gol û robaran dijî ne.

Reftar

Parêzî

 src=
Diranên pirteqalî mezin yên meymûna avî baş xuya dikin

Meymûna avî riwêk an nebatên çeman dixwe.

Pirbûn

Pêşangeh

Çavkanî

  1. Lessa, E., Ojeda, R., Bidau, C. & Emmons, L. (2008). Myocastor coypus. In: IUCN 2008. IUCN Red List of Threatened Species. Downloaded on 6 January 2009.
  2. Wateya navê bi îngilîzî

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Nivîskar û edîtorên Wikipedia-ê
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Meymûna avî: Brief Summary ( Curdo )

fornecido por wikipedia emerging languages

Meymûna avî, cirdonê çeman an koypû (Myocastor coypus), cureyekî kojerên avî ku di avê şêrîn wek çem, gol û robaran dijî ne. Meymûna avî cureyekî tenê ku ji famîleya meymûnên avî (Myocastoridae) mayî ye.

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Nivîskar û edîtorên Wikipedia-ê
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Nutriya ( Usbeque )

fornecido por wikipedia emerging languages

Nutriya, suv bobri (Myocastor coypus) — kemiruvchilar turkumi, nutriyasimonlar oilasiga mansub hayvon. Oilaning yagona turi. Tanasining uz. 60 sm gacha, dumi 45 sm gacha, ogʻirligi 8 kg gacha. Orqa oyoqlarining deyarli barcha barmoqlarida suzgich parda boʻladi, quloqteshigi suvda bekilishi mumkin. Jan. Amerikaning tropik va subtropik mintaqalarida tarqalgan. Jan.-gʻarbiy Yevropa, Zakavkazye va Oʻrta Osiyo mamlakatlari, jumladan, Oʻzbe-kiston jan.

da akklimitizatsiya qilingan. Suvda va suv boʻyida yashaydi; yaxshi suzadi va shoʻngiydi. Kechasi va oqshomlari faol. Botqoq oʻsimliklari poyasidan in quradi, in qazishi ham mumkin. Bir yilda 2 marta 2—8 ta (odatda, 5 ta) koʻzi ochiq, yungli bola tugʻadi. Qimmatli moʻynasi va goʻshti uchun ovlanadi. Moʻynachilik fermalarida boqiladi. Har xil rangli moʻyna beruvchi zotlari chiqarilgan.[1]

Manbalar

  1. OʻzME. Birinchi jild. Toshkent, 2000-yil

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Vikipediya mualliflari va muharrirlari
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Nutriya: Brief Summary ( Usbeque )

fornecido por wikipedia emerging languages

Nutriya, suv bobri (Myocastor coypus) — kemiruvchilar turkumi, nutriyasimonlar oilasiga mansub hayvon. Oilaning yagona turi. Tanasining uz. 60 sm gacha, dumi 45 sm gacha, ogʻirligi 8 kg gacha. Orqa oyoqlarining deyarli barcha barmoqlarida suzgich parda boʻladi, quloqteshigi suvda bekilishi mumkin. Jan. Amerikaning tropik va subtropik mintaqalarida tarqalgan. Jan.-gʻarbiy Yevropa, Zakavkazye va Oʻrta Osiyo mamlakatlari, jumladan, Oʻzbe-kiston jan.

da akklimitizatsiya qilingan. Suvda va suv boʻyida yashaydi; yaxshi suzadi va shoʻngiydi. Kechasi va oqshomlari faol. Botqoq oʻsimliklari poyasidan in quradi, in qazishi ham mumkin. Bir yilda 2 marta 2—8 ta (odatda, 5 ta) koʻzi ochiq, yungli bola tugʻadi. Qimmatli moʻynasi va goʻshti uchun ovlanadi. Moʻynachilik fermalarida boqiladi. Har xil rangli moʻyna beruvchi zotlari chiqarilgan.

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Vikipediya mualliflari va muharrirlari
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Нутрия ( Basquir )

fornecido por wikipedia emerging languages

Нутрия[1] йәки һаҙ ҡондоҙо[1][2] (лат. Myocastor coypus) — кимереүселәр отрядының нутрия һымаҡтар ғаиләһенә ҡараған имеҙеүсе.

Таралышы

Көньяҡ Америка тропик бүлкәттәренең субтропик һәм көньяҡ өлөшөнөң урман зонаһында таралған; Төньяҡ Америкала, Европала, Урта Азияла, Кавказ аръяғында һәм Төньяҡ Кавказда яраҡлашҡан.

Ҡылыҡһырлама

Кәүҙә оҙонлоғо 60 см тиклем, ауырлығы 12 кг етә. Йөн япмаһы ҡаты ҡылдан һәм ҡыҫҡа ҡуйы аҫҡы йөндән тора; һорғолт көрән, ян– яғы асығыраҡ төҫтә. Башы ҙур, күҙе һәм ҡолағы бәләкәй. Танау тишегендә һыуға сумғанда тартылған япҡыс мускулдары бар. Аяғы ҡыҫҡа, алғыһы 4 бармаҡлы, артҡыһы 5 бармаҡлы, оҙонораҡ һәм ҙурыраҡ; артҡы аяғының бармаҡтары, тышҡыһынан башҡа, йөҙөү ярылары м-н тоташтырылған. Ҡойроғо 45 см тиклем, йомро, тәңкәле тире менән ҡапланған.

Үрсеүе

Моногам. Енси яҡтан 3–8 айҙа өлгөрә, йылына 2 тапҡыр 2–8 бала тыуҙыра. 8—10 йыл йәшәй.

Йәшәйеше

Эңерҙә һәм төндә әүҙем. Ярым һыу йәшәү рәүеше алып бара, күл, һаҙлыҡ һәм яй ағымлы йылға ярҙарын төйәк итә. Текә ярҙа өң ҡаҙа йәки түңгәктәрҙә, екән һәм ҡамыш үҫентеләрендә асыҡ оя яһай.

Туҡланыуы

Һыу үҫемлектәре менән туҡлана.

Халыҡ хужалығында ҡулланылышы

Башҡортостанда — ҡиммәтле тиреле йәнлекселек объекты, аҫрау системаһы — ситлектә. Ите ашарға яраҡлы.

Иҫкәрмәләр

Әҙәбиәт

  • Брандт Э. К. Болотный бобр // Брокгауз һәм Ефрондың энциклопедик һүҙлеге: 86 томда (82 т. һәм 4 өҫтәмә том) — СПб., 1890—1907. (рус.)
  • Верещагин Н. К. Болотный бобр (нутрия), его разведение и промысел в водоемах Закавказья — Баку: изд-во АН Азербайджанской ССР, 1950. — 145 б.
  • Sandro Bertolino, Aurelio Perrone, and Laura Gola "Effectiveness of coypu control in small Italian wetland areas" Wildlife Society Bulletin Volume 33, Issue 2 (June 2005) pp. 714–72.
  • Carter, Jacoby and Billy P. Leonard: "A Review of the Literature on the Worldwide Distribution, Spread of, and Efforts to Eradicate the Coypu (Myocastor coypus)" Wildlife Society Bulletin, Vol. 30, No. 1 (Spring, 2002), pp. 162–175.
  • Carter, J., A.L. Foote, and L.A. Johnson-Randall. 1999. Modeling the effects of nutria (Myocastor coypus) on wetland loss. Wetlands 19(1):209-219
  • Lauren E. Nolfo-Clements: Seasonal variations in habitat availability, habitat selection, and movement patterns of Myocastor coypus on a subtropical freshwater floating marsh. (Dissertation) Tulane University. New Orleans. 2006. ISBN 0-542-60916-9
  • Sheffels, Trevor and Mark Systma. "Report on Nutria Management and Research in the Pacific Northwest" Center for Lakes and Reservoir Environmental Sciences and Resources, Portland State University. December 2007. Available on-line: [1]
licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Wikipedia authors and editors
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Нутрия: Brief Summary ( Basquir )

fornecido por wikipedia emerging languages

Нутрия йәки һаҙ ҡондоҙо (лат. Myocastor coypus) — кимереүселәр отрядының нутрия һымаҡтар ғаиләһенә ҡараған имеҙеүсе.

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Wikipedia authors and editors
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Нутрија ( Macedônio )

fornecido por wikipedia emerging languages

Нутрија, или којпу ((науч. Myocastor coypus)), е голем тревопасен, полуакватичен глодач и единствен член на семејството Myocastoridae. Потекнува од умерените зони на Јужна Америка, но луѓето го имаат пренесено во Северна Америка, Европа, Азија и Африка, првенствено заради одгледување за крзно.[2] Иако во некои региони сѐ уште го ценат поради крзното, неговиот деструктивен начин на исхрана и копање дупки го прават овој инвазивен вид штетник низ поголем дел од неговата животна средина.

Нутријата е присутна и ширум Македонија.[3]

Наводи

  1. Lessa, E., Ojeda, R., Bidau, C. & Emmons, L. (2008). Myocastor coypus. Црвен список на загрозени видови на МСЗП. Верзија 2008. Меѓународен сојуз за заштита на природата. конс. 6 јануари 2009. (англиски)
  2. LeBlanc, Dwight J. 1994. Prevention and Control of Wildlife Damage - Nutria. Animal and Plant Health Inspection Service.
  3. Нутрии“. Македонска енциклопедија , книга : стр. . (2009). Скопје: МАНУ.

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Автори и уредници на Википедија
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Нутрија: Brief Summary ( Macedônio )

fornecido por wikipedia emerging languages

Нутрија, или којпу ((науч. Myocastor coypus)), е голем тревопасен, полуакватичен глодач и единствен член на семејството Myocastoridae. Потекнува од умерените зони на Јужна Америка, но луѓето го имаат пренесено во Северна Америка, Европа, Азија и Африка, првенствено заради одгледување за крзно. Иако во некои региони сѐ уште го ценат поради крзното, неговиот деструктивен начин на исхрана и копање дупки го прават овој инвазивен вид штетник низ поголем дел од неговата животна средина.

Нутријата е присутна и ширум Македонија.

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Автори и уредници на Википедија
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Сазчы куну ( Quirguiz )

fornecido por wikipedia emerging languages
 src=
Сазчы куну.

Сазчы куну (лат. Myocastor coypus) - кемирүүчүлөр түркүмүндөгү жаныбар.

Келестерге окшош. Уз. 60, куйругу 45 см, салм. 12 кгга жетет. Тумшугу кыска, жыт сезгич муруту бар, жакшы кемирет, арткы бутунун манжалары жаргакчалар менен бириккен. Териси баалуу.

Закавказье жана Түштүк Тажикстанда кездешет. Сазчы куну дарыянын саздуу, көлдүн бал камыштуу, жекендүү жээктеринде 8-10 жыл жашайт. Сууда жакшы сүзөт, чумкуйт, суу өсүмдүктөрү, моллюскалар менен азыктанып, ийинге 1-12 бала тууйт.

Колдонулган адабияттар

  • Кыргыз Совет Энциклопедиясы. Башкы редактор Б. О. Орузбаева. -Фрунзе: Кыргыз Совет Энциклопедиясынын башкы редакциясы, 1980. Том 5. Пирс - Токкана. -656 б.
  • “Кыргызстан” улуттук энциклопедиясы: 5-том. Башкы редактору Асанов Ү. А. К 97. Б.: Мамлекеттик тил жана энциклопедия борбору, 2014. илл. ISBN 978 9967-14-111 -7
licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Wikipedia жазуучу жана редактор
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages

Сазчы куну: Brief Summary ( Quirguiz )

fornecido por wikipedia emerging languages
 src= Сазчы куну.

Сазчы куну (лат. Myocastor coypus) - кемирүүчүлөр түркүмүндөгү жаныбар.

Келестерге окшош. Уз. 60, куйругу 45 см, салм. 12 кгга жетет. Тумшугу кыска, жыт сезгич муруту бар, жакшы кемирет, арткы бутунун манжалары жаргакчалар менен бириккен. Териси баалуу.

Закавказье жана Түштүк Тажикстанда кездешет. Сазчы куну дарыянын саздуу, көлдүн бал камыштуу, жекендүү жээктеринде 8-10 жыл жашайт. Сууда жакшы сүзөт, чумкуйт, суу өсүмдүктөрү, моллюскалар менен азыктанып, ийинге 1-12 бала тууйт.

licença
cc-by-sa-3.0
direitos autorais
Wikipedia жазуучу жана редактор
original
visite a fonte
site do parceiro
wikipedia emerging languages