dcsimg

Dwerchgroukopke ( frison occidental )

fourni par wikipedia emerging languages

It Dwerchgroukopke (Thymelicus acteon) is in soarte yn it skaai fan de Lytse Groukopkes (Thymelicus).

Foarkommen

De flinter hâldt fan drûge skrale greiden, foaral fan kalkgreiden. De flinter is nei 1981 net wer in Nederlân sjoen.

Op de reade list stiet de flinter as ferdwûn út Nederlân.

Flinter

It Dwerchgroukopke is yndie mar in lytse flinter; de wjuklingte is 10 oant 13 mm. Hy is ljochtbrún sûnder tekening op de boppekant fan de wjukken. De mantsjes hawwe in swarte geurstreek op de foarwjukken.

Fleantiid

De flinter fljocht fan heal july oant begjin septimber. It Dwerchgroukopke fljocht altyd yn ien generaasje.

Rûp

De rûp kin 25 mm lang wurde. It liif is grien. Ek de kop is grien mar mei twa gielwite fegen. De rûp oerwinteret as in healwaaks rûp, yn in lyts kokontsje yn in gersstâle.

De rûp fret gerzen, foaral Finnige Koartstâle.

Sjoch ek

licence
cc-by-sa-3.0
droit d’auteur
Wikipedia auteurs en redakteuren

Dwerchgroukopke: Brief Summary ( frison occidental )

fourni par wikipedia emerging languages

It Dwerchgroukopke (Thymelicus acteon) is in soarte yn it skaai fan de Lytse Groukopkes (Thymelicus).

licence
cc-by-sa-3.0
droit d’auteur
Wikipedia auteurs en redakteuren