dcsimg

Lânkaartflinter ( frison occidental )

fourni par wikipedia emerging languages

De Lânkaartflinter (Araschnia levana) is in soarte yn it skaai Araschnia.

Foarkommen

De Lânkaartflinter is in tige algemiene flinter. Hy is faak te sjen by boskrânen, kapflakten en houtwâlen. It is in swermlustige soarte. Foar 1930 wie dizze flinter in ûngewoane ferskining yn Nederlân.

Op de reade list stiet de flinter as net bedrige.

Flinter

De foarjiergeneraasje sjocht der oars út as de simmergeneraasje. It ferskil sit him bygelyks yn de wjuklingte. Yn 'e maaitiid is dy 16 oant 18 mm; dy fan'e simmer is 17 oant 21 mm. De ûnderkant fan de flinter fertoant altyd in lânkaartepatroan.

Fleantiid

De flinter fleant fan mids april oant ein juny en fan ein juny oant ein septimber. Se fleane foaral tusken 10 july oant 15 augustus. De Lânkaartflinter fleant yn twa generaasjes.

 src=
In rûp fan de Lânkaartflinter.

Rûp

De rûp kin 20 mm lang wurde. It liif is swart en is bedutsen mei wite spikkels. De toarns fan de rûp binne swart of oranje-giel. De rûp libbet yn lytse groepen byelkoar. Folwoeksen rûpen libje allinnich. De pop oerwinteret hingjend oan in stâle yn in krûdlaach.

De rûp fret de Grutte brânnettel.

Sjoch ek

 src=
Fjouwer lânkaartflinters fan de twadde generaasje.
licence
cc-by-sa-3.0
droit d’auteur
Wikipedia auteurs en redakteuren

Lânkaartflinter: Brief Summary ( frison occidental )

fourni par wikipedia emerging languages

De Lânkaartflinter (Araschnia levana) is in soarte yn it skaai Araschnia.

licence
cc-by-sa-3.0
droit d’auteur
Wikipedia auteurs en redakteuren