dcsimg

Brilsliepmûs ( Batı Frizcesi )

wikipedia emerging languages tarafından sağlandı

De brilsliepmûs of namtap (Latynske namme: Graphiurus ocularis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae) en it skaai fan 'e Afrikaanske sliepmûzen (Graphiurus), dat lânseigen is yn Súd-Afrika. It is ien fan fjouwer sliepmûzesoarten dy't inkeld en allinnich yn dat lân foarkomme. Dizze soarte waard foar it earst yn 1829 wittenskiplik beskreaun troch de Skotske soölooch Andrew Smith.

Biotoop en libbenswize

De brilsliepmûs is yn syn fersprieding beheind ta it westlik diel fan Súd-Afrika, dêr't er benammen foarkomt yn rotsige biotopen, mar ek wol yn wâldgebiet, wylst er him soms nei wenjen set yn hokken of bygebouwen fan minsklike wenten. Brilsliepmûzen binne nachtdieren en betûfte klimmers. Se libje yn haadsaak fan sieden, oar plantaardich materiaal en lyts wrimelt, lykas ynsekten en oare lidpoatigen en wjirms.

Uterlike skaaimerken

De brilsliepmûs hat in stompige snút, lytse earen (foar in sliepmûs), en in sêfte pels. Op 'e rêch is dy dûnkergriis, en op 'e bealch, kiel en poaten wyt. De kop is griis, útsein wite plakken by de earen en op 'e noas. Ek de siden fan 'e hals hawwe wite plakken. De sturt is dûnkergriis mei langere wite hierren dertrochhinne en in wite punt.

Status

De brilsliepmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

lisans
cc-by-sa-3.0
telif hakkı
Wikipedia auteurs en redakteuren

Brilsliepmûs: Brief Summary ( Batı Frizcesi )