dcsimg
Image of annual ragweed
Creatures » » Plants » » Dicotyledons » » Composite Family »

Annual Ragweed

Ambrosia artemisiifolia L.

Alsemambrosia ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages
Ambrosia plant arnold van vliet-1-.jpg

Alsemambrosia (Ambrosia artemisiifolia, Frysk ek wol: 'Moalstokje'[1]) is in ienjierrige plant, dy't heart ta de famylje fan 'e hynsteblomplanten (Compositae of Asteraceae). De plant komt út Noard-Amearika en is yn Nederlân op in soad plakken ynboargere (komt advintyf foar). Ambrosia is it Grykse wurd foar 'fiedsel foar de goaden', wêrtroch't se ivich libben. De plant skiedt de stof koronopiline út, dy't de groei fan oare planten yn de omjouwing behindert.

De plant wurdt 20-100 sm heech. De blêden binne meastal dûbelfearre, soms inkelfearre.

Alsemambrosia bloeit yn septimber en oktober mei ienslachtige, ± 3 mm grutte, holtsjes. De haadsjes sitte yn in ier. Der sitte gjin strieskobben yn de haadsjes en in pappus ûntbrekt. De klokfoarmige manlike haadsjes hingje nei ûnderen en hawwe keale of in bytsje behierre, fergroeide omwynselblêden. De griis-wite, froulike haadsjes binne ienblommich en hawwe twa aaifoarmige skutblêden. De blommen sitten net botte opfallend yn de blêdoksels ûnder de manlike blomhaadsjes. De brune frucht is in nútsje sûnder fruchtplús en hat de foarm fan in pylkpunt. It nútsje hat in heech oaljegehalte. It omwynsel om it nútsje hat fiif oant sân priemfoarmige stikels, dy't útrinne yn in lange snaffel. It fruchtsje heakket troch de priemfoarmige stikels yn de facht fan bisten en wurdt sa ferspriede.

 src=
Fruchten

Allergy

 src=
Ambrosia artemisiifolia
 src=
dûbelfearre blêd

It stomoal jout in heftige heakoartsreaksje, krektas it oanreitsjen fan de bloeiwize. Yn Nederlân fine ûndersikers de lêste jierren in sterke groei fan it oantal ambrosiapollen yn de loft. De lette bloei fan de plant, yn septimber en oktober, ferlinget it heakoartsseizoen mei twa moannen. By in waarme simmer folge troch in waarme hjerst kin de plant hieltiten better yn Europa dije. Dizze woekerjende plant driget in grutte kweadogger te wurden as de no bekende fersprieders fan pollen. Per plant kin oant in miljard pollen ferspriede wurde, wêrby't de allergyske wurking fan de pollen inkele kearen sterker is as dy fan gers, de oant op't heden grutste oarsaak fan pollenallergy yn Nederlân.

Ymport yn Europa

De plant komt rjochting de lege lannen troch benammen ymport fan hinnen- en fûgelfoer en fetbollen, dêr't ek de siedden fan de alsemambrosia tusken sitte. Yn Dútslân is it wyls by wet ferbean dit foer te ymportearjen as de siedden fan de alsemambrosia der net úthelle binne. Yn Switserlân, Eastenryk en Hongarije is it sels ferbean de plant yn de tún te hawwen en it is foarskreaun om dizze der út te heljen. Hjirby wurdt oanret:

  • by it weiheljen wanten te brûken;
  • it lof net yn de GFT-kontener te dwaan mar yn de smoargenskontener, sadat itt ferbaarnd wurdt.

De eksplosive fersprieding fan de plant hat it omtinken fan it Ministearje fan Lânbou, Natoer en Fiedselkwaliteit.[2]

Yn oktober 2006 binne nei in oprop fan it radioprogramma Vroege Vogels 160 meldingen fan alsemambrosia yn Nederlân samle.

Nammen yn oare talen

  • Ingels: Common ragweed
  • Dúts: Beifußblättriges Traubenkraut, ook Beifuß-Ambrosie
  • Frâns: Ambroisie à feuilles d'armoise
  • Sweeds: Malörtsambrosia
  • Deens: Bynke-Ambrosie
  • Hongaars: Ürömlevelű parlagfű

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Alsemambrosia: Brief Summary ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages
Ambrosia plant arnold van vliet-1-.jpg

Alsemambrosia (Ambrosia artemisiifolia, Frysk ek wol: 'Moalstokje') is in ienjierrige plant, dy't heart ta de famylje fan 'e hynsteblomplanten (Compositae of Asteraceae). De plant komt út Noard-Amearika en is yn Nederlân op in soad plakken ynboargere (komt advintyf foar). Ambrosia is it Grykse wurd foar 'fiedsel foar de goaden', wêrtroch't se ivich libben. De plant skiedt de stof koronopiline út, dy't de groei fan oare planten yn de omjouwing behindert.

 src= Fruchten
license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren