De hjerringslynder (Podiceps cristatus) is in wetterfûgel. Ut en troch dûkt er ûnder om in ein fierderop wer boppe wetter te kommen.
De hjerringslynder wurdt yn Fryslân ek wol beneamd as Grutte Ieldûker, Ielslynder as Kroandûker.
De hjerringslynder is goed wer te kennen oan syn wyt boarst en syn donkere earplûmen.
Yn april/maaie begjinne de hjerringslynders mei pearfoarming. Dat dogge se op opfallende wize. Se draaie om elkoar hinne en geane rjochtop stean. Ek biede se elkoar reiden en oar nêstmateriaal oan. It nêst is in grutte bulte reiden dy't yn it wetter driuwt. De fûgels briede sa'n 27-29 dagen op 4 aaien. De swart-wyt streepte jongen kinne fuort swimme mar se binne noch in skoft fan de âlden ôfhinklik foar harren iten. Se farre ek geregeld mei op de rêch fan harren âlden. Bytiden dûke se sels mei as heit of mem ûnder wetter dûkt.
De hjerringslynder (Podiceps cristatus) is in wetterfûgel. Ut en troch dûkt er ûnder om in ein fierderop wer boppe wetter te kommen.