dcsimg

Bargesnútrôt ( länsifriisi )

tarjonnut wikipedia emerging languages

De bargesnútrôt (Latynske namme: Hyorhinomys stuempkei) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it monotypyske (út ien soarte besteande) skaai fan 'e bargesnútrotten (Hyorhinomys). Dit bist waard yn jannewaris 2015 ûntdutsen op it Yndonezyske eilân Selebes, doe't by in mienskiplike Amerikaansk-Australysk-Yndonezyske soölogyske ekspedysje fiif eksimplaren fongen waarden. Begjin oktober 2015 waard it bist foar it earst wittenskiplik beskreaun.

Fersprieding

Bargesnútrotten binne lânseigen op it noardlike skiereilân fan it Yndonezyske eilân Selebes. De soarte libbet dêr yn in biotoop fan tropysk reinwâld op in hichte fan likernôch 1.600 m op 'e berch de Dako, yn it distrikt Tolitoli.

Uterlike skaaimerken

De bargesnútrôt is in frij grutte mûseftige mei in gewicht fan 250 g en in lange, keale sturt dy't likernôch fan deselde lingte is as de kop en romp mei-inoar. Syn meast opfallende lichaamlike eigenskip is syn grutte, platte, keale, rôze noas, dy't in bytsje oan dy fan in baarch tinken docht. Dêrfandinne dat it bist yn it Ingelsk de namme hog-nosed rat taparte krige hat, wat oerset wurde kin as "bargesnútrôt". Yn ferhâlding ta oare mûseftigen dy't op Selebes foarkomme hat dizze soarte tige grutte earen, dy't griis behierre binne. De rest fan it lichem wurdt oerdutsen troch brún-griis hier. De bargesnútrôt beskikt ek oer tige lange kjiftosken, en liket fral wjirmen en ynsektelarven te fretten.

Morfologysk hawwe bargesnútrotten it measte wei fan in groep mûseftige skaaien dy't lânseigen binne op Selebes en dy't mei-inoar wol bekendsteane as pipermûsrotten. Dat binne spitsnoazige fleisitende mûseftigen dêr't û.o. de skaaien fan 'e Selebesstikelrotten (Echiothrix), lytse Selebespipermûsrotten (Melasmothrix), grutte Selebuspipermûsrotten (Tateomys) en de sommerselebesrotten (Sommeromys) ta hearre. De bargesnútrôt wykt lykwols safolle fan dy skaaien ôf dat er yn in eigen, monotypysk skaai pleats is, dat fan 'e bargesnútrotten (Hyorhinomys).

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

lisenssi
cc-by-sa-3.0
tekijänoikeus
Wikipedia auteurs en redakteuren
alkuperäinen
käy lähteessä
kumppanisivusto
wikipedia emerging languages

Bargesnútrôt: Brief Summary ( länsifriisi )

tarjonnut wikipedia emerging languages

De bargesnútrôt (Latynske namme: Hyorhinomys stuempkei) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it monotypyske (út ien soarte besteande) skaai fan 'e bargesnútrotten (Hyorhinomys). Dit bist waard yn jannewaris 2015 ûntdutsen op it Yndonezyske eilân Selebes, doe't by in mienskiplike Amerikaansk-Australysk-Yndonezyske soölogyske ekspedysje fiif eksimplaren fongen waarden. Begjin oktober 2015 waard it bist foar it earst wittenskiplik beskreaun.

lisenssi
cc-by-sa-3.0
tekijänoikeus
Wikipedia auteurs en redakteuren
alkuperäinen
käy lähteessä
kumppanisivusto
wikipedia emerging languages

Hyorhinomys stuempkei ( englanti )

tarjonnut wikipedia EN

Hyorhinomys stuempkei, the hog-nosed shrew rat or Sulawesi snouter, is a species of rodent in the family Muridae, more specifically in the subfamily Murinae, endemic to Sulawesi, Indonesia. This species was discovered in 2015 by Jacob A. Esselstyn and his team, Anang S. Achmadi, Heru Handika, and Kevin C. Rowe", Esselstyn proposed "Sulawesi snouter" as a common name for it.[2] The word "snouter" references the fictional text, The Snouters: Form and Life of the Rhinogrades by the German zoologist Gerolf Steiner. Steiner wrote this text as a fictional naturalist, Harald Stümpke, and the specific epithet of H. stuempkei pays homage to this fictional individual.

It is known only from Mount Dako in Tolitoli Regency, North Sulawesi, Indonesia.

The species has particularly long incisors. Unusually, it lacks the coronoid process jaw muscle attachment point, presumably because its diet of earthworms and beetle larvae does not require forceful chewing.[2]

Its morphological distinctions from other shrew rats, along with phylogenetic analysis, led to it being placed in the new genus Hyorhinomys as the only species.[3]

References

  1. ^ Rowe, K. & Kennerley, R. (2019). "Hyorhinomys stuempkei". IUCN Red List of Threatened Species. 2019. doi:10.2305/IUCN.UK.2019-1.RLTS.T92441853A92441855.en. Retrieved 11 December 2021.
  2. ^ a b "Hyorhinomys stuempkei: New Genus, Species of Shrew Rat Discovered in Indonesia". Sci-News.com. 2015-10-06. Retrieved 2015-10-07.
  3. ^ Esselstyn, Jacob A.; Achmadi, Anang S.; Handika, Heru; McCullers, Ruby (29 September 2015). "A hog-nosed shrew rat (Rodentia: Muridae) from Sulawesi Island, Indonesia". Journal of Mammalogy. 96 (5): 895–907. doi:10.1093/jmammal/gyv093.
lisenssi
cc-by-sa-3.0
tekijänoikeus
Wikipedia authors and editors
alkuperäinen
käy lähteessä
kumppanisivusto
wikipedia EN

Hyorhinomys stuempkei: Brief Summary ( englanti )

tarjonnut wikipedia EN

Hyorhinomys stuempkei, the hog-nosed shrew rat or Sulawesi snouter, is a species of rodent in the family Muridae, more specifically in the subfamily Murinae, endemic to Sulawesi, Indonesia. This species was discovered in 2015 by Jacob A. Esselstyn and his team, Anang S. Achmadi, Heru Handika, and Kevin C. Rowe", Esselstyn proposed "Sulawesi snouter" as a common name for it. The word "snouter" references the fictional text, The Snouters: Form and Life of the Rhinogrades by the German zoologist Gerolf Steiner. Steiner wrote this text as a fictional naturalist, Harald Stümpke, and the specific epithet of H. stuempkei pays homage to this fictional individual.

It is known only from Mount Dako in Tolitoli Regency, North Sulawesi, Indonesia.

The species has particularly long incisors. Unusually, it lacks the coronoid process jaw muscle attachment point, presumably because its diet of earthworms and beetle larvae does not require forceful chewing.

Its morphological distinctions from other shrew rats, along with phylogenetic analysis, led to it being placed in the new genus Hyorhinomys as the only species.

lisenssi
cc-by-sa-3.0
tekijänoikeus
Wikipedia authors and editors
alkuperäinen
käy lähteessä
kumppanisivusto
wikipedia EN