dcsimg

Rivierotter ( länsifriisi )

tarjonnut wikipedia emerging languages

De rivierotter (Latynske namme: Lontra canadensis), ek wol Noardamerikaanske otter of Noardamerikaanske rivierotter neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae), de ûnderfamylje fan 'e otters (Lutrinae) en it skaai fan 'e Amerikaanske otters (Lontra), dat lânseigen is yn grutte dielen fan Noard-Amearika. Sûnt de Jeropeeske kolonisaasje fan dat gebiet hat dit bist yn hege mjitte te lijen hân fan habitatferlies, dat fral feroarsake is troch oerbejaging, urbanisaasje en miljeufersmoarging. De rivierotter liket in protte op 'e gewoane otter, dy't ek yn Fryslân foarkomt, mar feitliks hearre de beide soarten ta ferskillende skaaien.

Fersprieding

 src=
It ferspriedingsgebiet fan 'e rivierotter.

Oarspronklik kaam de rivierotter yn suver hiel Noard-Amearika foar, útsein it Arktyske noarden fan Alaska en Kanada, guon lytsere eilannen foar de kust (wêrûnder Prins Edwardeilân, Kaap Bretoneilân, Vancouvereilân en de Keninginne Sjarlotte-eilannen) en it woastyngebiet fan it Amerikaanske Súdwesten. Tsjintwurdich komt er lykwols net mear foar op 'e prêrjes fan it Westlik Kanada. Yn 'e Feriene Steaten is er (behalven op Hawaï, dêr't er nea foarkaam) absint of (tige) seldsum yn 'e steaten Arizona, Arkansas, Kansas, Nebraska, Nij-Meksiko, Noard-Dakota, Ohio, Oklahoma, Súd-Dakota, Teksas en Utah, en it grutste part fan 'e steaten Indiana, Kalifornje, Kentucky, Kolorado, Missoury, Montana, Nevada, Tennessee en West-Firginia. Behalven yn Kanada en de Feriene Steaten komt de rivierotter fan natuere ek foar yn in lyts diel fan noardwestlik Meksiko, al is er dêr no seldsum.

 src=
In rivierotter op it iis.

Uterlike skaaimerken

De rivierotter hat trochinoar in kop-romplingte fan 66-107 sm, mei in sturtlingte fan 30-50 sm en in gewicht dat útinoar rint fan 5 oant 14 kg, oant yn ekstreme gefallen by mantsjes mear as 15 kg. Seksuële dimorfy is lykwols beheind: de mantsjes binne trochinoar mar 5% grutter as de wyfkes. De rivierotter hat in brede snút en in platte kop mei hiel lytse ûnopfallende earkes, dy't sa lyts binne sadat se sa min mooglik útstekke by it swimmen ûnderwetter. Ek de eagen binne frij lyts, wylst de snorhierren, dy't brûkt wurde om yn troebel wetter proaidieren te finen, krekt grut en prominint binne.

Rivierotters wike ôf fan (Jeropeeske) otters troch in langere hals, in smeller antlit, in koartere sturt en trochdat de earen op 'e kop tichter byinoar steane. De ljochtbrune oant swarte pels fan 'e rivierotter is koarthierrich mar ticht, mei likernôch 57.800 ûnderskate hierren de sm². Mei syn streamline uterlik, trêde eachlidden dy't ûnder wetter de eagen beskermje, en swimfluezzen tusken de teannen is de rivierotter treflik tarist foar in libben dat foar in grut diel yn it wetter trochbrocht wurdt. Hy beskikt fierders oer in earsten gehoar en in tigen rooksin, wylst benammen syn knaphandige foarpoaten hiel taastgefoelich binne.

 src=
Rivierotters hawwe tige lytse earen en grutte snorhierren, dêr't se yn troebel wetter proaien mei opspoare.

Biotoop

Nettsjinsteande syn namme komt de rivierotter behalven yn rivieren ek foar yn hast alle oare swietwetterhabitats, wêrûnder marren, beken, moerassen en puollen, wylst er dêropta ek yn brak en sâlt wetter libbet, yn riviermûnings en by de kust lâns. Dit bist kin oer in grut ferskaat oan temperatueren en biotopen, salang't der mar in ûnútputlike foarrie fretten beskikber is en tagong ta in wetterlichem. Rivierotters binne lykwols tige gefoelich foar fersmoarging, en binne ien fan 'e earste soarten dy't ferdwine út fersmoarge gebieten.

Hâlden en dragen

Rivierotters binne it jier rûn aktyf, it meast nachts en yn 'e skimer. Winterdeis binne se wat mear by ljochtskyndei yn 't spier. It binne beweechlike bisten, dy't suver mear thús binne yn it wetter as op it lân. Sadwaande binne se treflike swimmers, wêrby't se alle fjouwer poaten as peddels en de sturt as roer brûke. Yn tiden dat iepen wetters tichtferzen binne, meitsje rivierotters gauris gebrûk fan wjekken, of oars skuorre se ek wol beverdammen útinoar om ûnder it iis te kommen. Hoewol't se ek op it drûge net te ûnderskatten binne, makket har streamline, langwerpige lichemsfoarm dat se dêr in wat komyske wize fan fuortbewegen ûntwikkele hawwe. Likegoed kinne se in ôfstân fan 42 km deis ôflizze. Yn it wetter kinne rivierotters mei in faasje fan 11 km/h swimme en krapoan 4 minuten ûnder bliuwe.

 src=
In rivierotterspoar yn 'e snie.

De rivierotter stiet derom bekend dat er graach boartsje mei. In bekend fenomeen is dat er him by 't winter faak mei de kop nei ûnderen by glydbanen yn 'e snie del glydzje lit. Yn oare jiertiden docht er dat út en troch ek wol by gerzige bedelten of drekkige wâlen del. Bypeddeljen mei de efterpoaten soarget der dan foar dat it glydzjen fierder giet op plakken dêr't de skeante of de glysterigens fan 'e ûndergrûn ûnfoldwaande is om sûnder help troch te glydzjen. Ek krigerke is in populêr spultsje, wylst jongen troch gekjeien en wrakseljen wichtige feardichheden om te oerlibjen oanleare.

Rivierotters binne in stik sosjaler as de measte martereftigen. Se libje almeast yn famyljegroepen dy't yn essinsje besteane út in wyfke en har jongen, mar ek "helpers" omfiemje kinne, dat ûnbesibbe folwoeksen of healfolwoeksen bisten wêze kinne. Folwoeksen mantsjes foarmje aparte groepen, dy't soms út wol 17 eksimplaren bestean kinne. De rivierotter fertoant net in protte territoariumdriuw, mei't de wengebieten fan ferskate groepen inoar faak oerlaapje, al bliuwe de leden fan 'e groepen dan yn 'e regel wol byinoar út 'e buert. Underlinge kommunikaasje fynt plak troch it uterjen fan in ferskaat oan grânzjende, spinnende, nokkerjende en fluitsjende lûden, mar ek troch it ôfsetten fan geurflaggen fan urine, kjitte of soms fan muskus.

 src=
In groep rivierotters dy't de fangst oan it beplúzjen binne oan it wetteroerflak.

Krekt as oare ottersoarten lizze rivierotters in nêst oan yn in hoale dy't boud is troch oare bisten (boskmarmotten, reade foksen, Kanadeeske bevers, beverrotten of muskusrotten), of yn natuerlik foarkommende holten yn wâlen. Rivierotters binne polygaam, en ien mantsje kin dus mei ferskate wyfkes pearje. De peartiid rint yn 'e regel fan desimber oant april, wêrnei't in draachtiid fan 61-63 dagen folget.

Om't rivierotters in ferlingde draachtiid kenne, wêrby't de ymplantaasje fan 'e befruchte aaisel 10-12 moannen opkeard wurdt, komme de jongen pas it oare jiers tusken febrewaris en april te wrâld. In smeet kin by rivierotters 5 jongen omfetsje, mar ornaris wurde der mar 1-3 smiten. De jongen hawwe by de berte al in pels en klauwen, mar binne blyn en beskikke noch net oer tosken. Mei 30-38 dagen geane de eachjes iepen, en mei 9-10 wiken krije se foar it earst fêst fretten. Mei likernôch 2 moanne swimme se foar it earst, mei 12 wiken wurde se ôfwûn, en mei 37-38 wiken binne se selsstannich, al bliuwe se ek dan noch yn elts gefal oant de folgjende maityd by de mem. De mantsjes hawwe part noch diel oan it grutbringen fan 'e jongen. Foar't de mem it folgjende nêst te wrâld bringt, tsjogge de jongen fan it ferline jier ornaris de wide wrâld yn. De wyfkes binne mei twa jier geslachtsryp, al bringe se yn útsûnderlike gefallen ek mei ien jier soms al in nêst jongen te wrâld. Rivierotters wurde yn finzenskip trochinoar 21 jier âld, mei in rekôr fan 25 jier. Yn it wyld hâldt de libbensferwachting lykwols mei 8 of 9 jier op, al is ien dokumintearre gefal bekend fan in otter dy't yn it wyld 13 jier wurden is.

 src=
In swimmende rivierotter.

Natuerlike fijannen hat de rivierotter net in protte, salang't er mar yn it wetter bliuwt. Dêr kinne inkeld de Mississippy-alligator, de Amerikaanske krokkedil en de orka him lytsman meitsje, en de lêste beide fan dy trije dielt er mar komselden in habitat mei. Op it drûge binne rivierotters út har elemint, en sadwaande folle kwetsberder foar oanfallen fan 'e reade lynks, de Kanadeeske lynks, de poema, de wolf, de prêrjewolf, de swarte bear, de brune bear en, yn it gefal fan jonge of bûtenwenstich lytse eksimplaren, de reade foks. Ek hûnen kinne gefaarlik wêze foar otters. De measte stjergefallen wurde lykwols opsetlik of ûnopsetlik troch de minske feroarsake, troch de pelsdierjacht, it yllegaal ôfsjitten fan eksimplaren, it bestrûpt reitsjen yn fisknetten en fral yn it ferkear.

Fretten

De rivierotter hellet syn fretten foar it meastepart út it wetter. Syn dieet bestiet fierhinne út fisk en kreefteftigen, mar as der oar gaadlik fretten beskikber is, sil er dat net lizze litte. Dêrby moat men tinke oan fruchten, lytse reptilen, amfibyen, fûgelpiken of lytse fûgels, wetterynsekten, weakdieren en sels lytse sûchdieren. Rivierotters binne lykwols gjin iesiters, en dead guod sette se gjin bek op.

 src=
De pels fan in rivierotter.

Status

De rivierotter hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn it grutste part fan syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje dêr stabyl liket te wêzen. Likegoed hat him, benammen yn 'e Feriene Steaten, in oansjenlik habitatferlies foardien sûnt de earste Jeropeänen yn 'e sechstjinde iuw Noard-Amearika berikten. De foarnaamste oarsaken dêrfan binne oerbejaging (foar de pelzen), urbanisaasje en miljeufersmoarging. Op dat lêste mêd binne fral de eksploitaasje fan stienkoal, ierdgas en ierdoalje en de papieryndustry as skuldigen oan te wizen. Sûnt 1976 binne yn 'e Feriene Steaten mear as 4.000 rivierotters yn it wyld útset op plakken dêr't se net mear foarkamen.

Undersoarten

Der binne 7 erkende ûndersoarten fan 'e rivierotter:

  • de cuvierriverotter of Cuviers rivierotter (Lontra canadensis lataxina): yn 'e legere Feriene Steaten
  • de elliotrivierotter of Elliots rivierotter (Lontra canadensis periclyzomae): yn Britsk Kolumbia
  • de goldmanrivierotter of Goldmans rivierotter (Lontra canadensis mira): yn Alaska en Britsk Kolumbia
  • de Kanadeeske rivierotter (Lontra canadensis canadensis): yn eastlik Noard-Amearika, ynkl. Nijfûnlân
  • de Kodiakrivierotter (Lontra canadensis kodiacensis): op it eilân Kodiak, yn Alaska
  • de Pasifyske rivierotter (Lontra canadensis pacifica): yn Alaska, Kanada, by de Amerikaanske westkust lâns en lânyn oant Utah
  • de Sonoararivierotter (Lontra canadensis sonora): yn it Amerikaanske Súdwesten en noardwestlik Meksiko

Boarnen, noaten en referinsjes

lisenssi
cc-by-sa-3.0
tekijänoikeus
Wikipedia auteurs en redakteuren
alkuperäinen
käy lähteessä
kumppanisivusto
wikipedia emerging languages

Rivierotter: Brief Summary ( länsifriisi )

tarjonnut wikipedia emerging languages

De rivierotter (Latynske namme: Lontra canadensis), ek wol Noardamerikaanske otter of Noardamerikaanske rivierotter neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae), de ûnderfamylje fan 'e otters (Lutrinae) en it skaai fan 'e Amerikaanske otters (Lontra), dat lânseigen is yn grutte dielen fan Noard-Amearika. Sûnt de Jeropeeske kolonisaasje fan dat gebiet hat dit bist yn hege mjitte te lijen hân fan habitatferlies, dat fral feroarsake is troch oerbejaging, urbanisaasje en miljeufersmoarging. De rivierotter liket in protte op 'e gewoane otter, dy't ek yn Fryslân foarkomt, mar feitliks hearre de beide soarten ta ferskillende skaaien.

lisenssi
cc-by-sa-3.0
tekijänoikeus
Wikipedia auteurs en redakteuren
alkuperäinen
käy lähteessä
kumppanisivusto
wikipedia emerging languages