dcsimg

Nandoe-eftigen ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De nandoe-eftigen (Latynske namme: Rheiformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e âldkakigen (Palaeognathae) en de rangleaze groep fan 'e echte âldkakigen (Notopalaeognathae).

Dit út Súd-Amearika ôfkomstige skift omfiemet twa famyljes, de nandoefûgels (Rheidae) en de fossile Opisthodactylidae. Ta de nandoefûgels hearre 2 libbene soarten, nammentlik de nandoe (Rhea americana) en de darwinnandoe of Darwins nandoe (Rhea pennata). De nandoe-eftigen binne nau besibbe oan tinamû-eftigen (Tinamiformes), dy't ek út Súd-Amearika komme, oan 'e útstoarne moä-eftigen (Dinornithiformes) fan Nij-Seelân en oan 'e nije rinfûgels (Novaeratitae), in groep dy't noch trije oare skiften fan flechtleaze fûgels omfettet.

Skiftopbou

Boarnen, noaten en referinsjes

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Nandoe-eftigen: Brief Summary ( Western Frisian )