dcsimg

Swartpoatmurd ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De swartpoatmurd (Latynske namme: Mustela nigripes) is in sûchdieresoarte dy't ta it skift fan 'e rôfdieren, de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e lytse marters (Mustela) heart. Hy is lânseigen op 'e prêrjes fan Noard-Amearika, dêr't er foar 91% libbet fan prêrjehûnen. Syn IUCN-status is "bedrige", mei't er in hoartsje op 'e râne fan it útstjerren balansearre hat. Oars as oare martereftigen is de swartpoatmurd in habitatspesjalist, dy't him yn 'e regel stadich fuortplantet.

 src=
In dravende swartpoatmurd.
 src=
In swartpoatmurd yn finzenskip.

Beskriuwing

De swartpoatmurd liket tige op 'e Jeropeeske murd, mei as wichtichste ferskil dat er wat mânsker is en in grutter kleurkontrast fertoant tusken syn dûnkere poaten en syn ljochte liif. In folwoeksen mantsje is trochinoar 50-53,3 sm lang (kop-romp), mei in sturt fan likernôch 12 sm en in gewicht dat útinoar rinne kin fan 650 g oant 1,4 kg. De wyfkes binne trochinoar 10% lytser as mantsjes. Yn finzenskip bliuwe se frjemd genôch lytser as yn it wyld, hoewol't útsette eksimplaren rillegau in normale grutte en gewicht berikke. It binne nachtdieren, dy't solitêr libje, útsein as it om wyfkes mei in nêst jongen giet. Se libje ornaris yn ferlitten (of leechfretten) prêrjehûnehoalen.

Skiednis

Swartpoatmurden waarden foar it earst troch de Westerske wittenskip ûntdutsen yn 1851. Fan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw ôf rekke it mei de soarte slim yn it neigean, fanwegen ôfnimmende oantallen prêrjehûnen en in epidemy fan sylvatyske pest. De soarte waard yn 1979 foar útstoarn ferklearre, oant yn 1981 de hûn fan in Lucille Hogg út Meeteetse, yn 'e Amerikaanske steat Wyoming, har in deade swartpoatmurd brocht.

Dy restpopulaasje fan in stik as tweintich, tritich eksimplaren libbe dêr oant de soarte yn 1987 yn it wyld útstoar. Tsjin dy tiid wie der lykwols yn finzenskip in fokprogramma opset troch de Amerikaanske Fiskerij- en Faunatsjinst (USFWS), dat tusken 1991 en 2008 resultearre hat yn 'e reyntroduksje yn it wyld fan swartpoatmurden yn acht westlike Amerikaanske steaten en teffens yn noardlik Meksiko. Hjoed de dei binne der mear as 1.000 folwoeksen, yn it wyld berne eksimplaren yn 18 ûnderskate populaasjes, wêrfan't 4 no folslein selsrêdsum binne: twa yn Súd-Dakota en ien elk yn Arizona en Wyoming. Fanwegen syn noch behindige oantal en beheinde populaasjes stiet de swartpoatmurd lykwols noch altyd te boek as bedrige.

Boarnen, noaten en referinsjes

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Swartpoatmurd: Brief Summary ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De swartpoatmurd (Latynske namme: Mustela nigripes) is in sûchdieresoarte dy't ta it skift fan 'e rôfdieren, de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e lytse marters (Mustela) heart. Hy is lânseigen op 'e prêrjes fan Noard-Amearika, dêr't er foar 91% libbet fan prêrjehûnen. Syn IUCN-status is "bedrige", mei't er in hoartsje op 'e râne fan it útstjerren balansearre hat. Oars as oare martereftigen is de swartpoatmurd in habitatspesjalist, dy't him yn 'e regel stadich fuortplantet.

 src= In dravende swartpoatmurd.  src= In swartpoatmurd yn finzenskip.
license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren