dcsimg

Mûzen en jerboä's ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De mûzen en jerboä's (wittenskiplike namme: Myomorpha) foarmje in ûnderskift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), dêr't hast 1.400 soarten ta hearre. Dat komt del op hast in fearn fan alle sûchdieresoarten. Alle mûzen en jerboä'shawwe gemien dat se yn 'e regel nachtdieren binne. Se libje op alle kontininten útsein Antarktika. It ûnderskift kin opdield wurde yn twa boppefamyljes, te witten dy fan 'e jerboä's (Dipodoidea), en dy fan 'e mûzen en rotten (Muroidea). De grutste en teffens bekendste famyljes dy't ta dit ûnderskift hearre, binne dy fan 'e mûseftigen en de wrotmûseftigen, mei tige algemiene soarten as de hûsmûs, de brune rôt, de fjildmûs en de muskusrôt.

Underskiftopbou

Boarnen, noaten en referinsjes

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Mûzen en jerboä's: Brief Summary ( Western Frisian )