dcsimg

Tuorrebout (famylje) ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages
 src=
Fersprieding fan de fruchten troch de wyn

De Tuorreboutfamylje (Typhaceae) is in famylje fan iensiedlobbige planten. De famylje wurdt troch de measte systemen fan plantesystematyk erkend, en ek troch APG (1998) en APG II (2003).

It giet om in lytse famylje, fan sa'n dozyn soarten yn ien genus. De famylje bestiet út ien skaai: tuorrebout (Typha) mei yn Fryslân en Nederlân twa fertsjintwurdigers :

Fan rêstige wâlkanten ôf kinne dizze oerbliuwende sompeplanten oant 1,5 meter djipte groeie. Mei harren krêftige woartelstokken kinne se in tichte ouwerbegroeiing foarmje. De blommen steane ticht opinoar yn silinderfoarmige ieren, de boppeste ier mei manlike en de ûnderste mei froulike blommen.

Wrâldwiid bestiet de famylje út tolve soarten, dy't tige wiid ferspraat binne, fan tuskenbeiden klimaten oant en mei de tropen.

Fryske nammen

De tuorrebout wurdt ek wol bollepyst, dodde, doer, doer(e)bol, doerebout, dûzebout, dule, duorre(bout), hembol, lampepûster, moddersnyl, poddeduorre, poepekul, pompeduorre, (reid)sigaar, sigge, smooksigaar, stjonksigaar, stjonkstôk, stûzebol en stûzebout, such, sugge of tuollebout neamd.

Sjoch ek.

List fan planten

Keppeling om utens

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Tuorrebout (famylje): Brief Summary ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages
 src= Fersprieding fan de fruchten troch de wyn

De Tuorreboutfamylje (Typhaceae) is in famylje fan iensiedlobbige planten. De famylje wurdt troch de measte systemen fan plantesystematyk erkend, en ek troch APG (1998) en APG II (2003).

It giet om in lytse famylje, fan sa'n dozyn soarten yn ien genus. De famylje bestiet út ien skaai: tuorrebout (Typha) mei yn Fryslân en Nederlân twa fertsjintwurdigers :

grutte tuorrebout (Typha latifolia) lytse tuorrebout (Typha angustifolia).