dcsimg

Keizergoes ( länsifriisi )

tarjonnut wikipedia emerging languages
 src=
Anser canagicus

De Keizergoes (Anser canagicus) is in fûgel út de famylje fan de Einfûgels. Dizze goes is wat dûbelter as de oare guozzen, mei yn ferhâlding wat koarte poaten. De fûgels hawwe in wite kop mei in donkergrize hals. Fierder hawwe se grize fearren mei donkere en ljochtere streken.

Fersprieding

De Keizergoes briedt rûnom de Bearing See. Yn Alaska oan de eastkant en yn Kamtsjatka oan de westkant. De fûgels oerwinterje meast op de Aleûten oan de súdkant fan de Bearingsee.

Fuortplanting

De Keizerguozzen komme healwei maaie, begjin juny yn harren briedgebiet oan. Der wurdt in nêst boud fan plantemateriaal wêryn 4-7 aaien lein wurde. Nei sa'n 25 dagen brieden komme de aaien út. Heal augustus geane de fûgels wer op wei nei harren oerwintergebiet.

lisenssi
cc-by-sa-3.0
tekijänoikeus
Wikipedia auteurs en redakteuren
alkuperäinen
käy lähteessä
kumppanisivusto
wikipedia emerging languages

Keizergoes: Brief Summary ( länsifriisi )

tarjonnut wikipedia emerging languages
 src= Anser canagicus